FNP ropt kolleezje op om garnalefiskers te helpen

Politiek
Afbeelding

FRYSLAN - De FNP-Steatefraksje wol dat it kolleezje der alles oan docht om de kafkaeske situaasje foar de garnalefiskers op hiel koarte termyn te ferhelpen. Hoewol’t se tonnen ynvestearre hawwe yn it duorsum meitsjen fan de skippen, driigje sy nei 1 oktober gjin fergunning mear te hawwen om fiskje te kinnen.

De fiskerij is in wichtige ekonomyske sektor foar de regio, soarget foar in soad bedriuwichheid ek op de fêste wâl en is dêrmei fan grut belang foar de mienskip. De garnalefiskers hawwe it dreech. In wichtige oarsaak dêrfan is dat de ryksoerheid oan de iene kant ferwachtingen wekt, en dy dêrnei net neikomt, wêrtroch de fiskers yn de knipe komme.

FNP Steatelid Dinie Visser: ‘It kin fansels net sa wêze dat alle partijen sizze dat it wichtich is dat der ynvestearre wurdt yn duorsumens, mar dat wannear’t it der op oan komt de oerheid net thús jout. De fiskers dy’t op oanstean fan it ministearje ynvestearre hawwe meie net de dupe wurde fan Haachsk treuzeljen by it ferlienen fan de nije fergunning.

De Steatefraksje wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten him ynset foar de garnalefiskers en yn oerlis giet mei De Haach. Der moat sa gau mooglik in oplossing komme foar it probleem mei de fergunningen. Dêrneist ropt de fraksje it kolleezje ek op om yn oparbeidzjen mei oare oerheden te wurkjen oan belied dat takomst biedt foar de fiskerijsektor oan it Waad en de bedriuwichheid deromhinne. Dat jout ek perspektyf foar de mienskip.