Doarpskrante Diggelfjoer Wommels wint priisfraach ‘It bêste Frysktalige redaksjestik’

Algemeen
Afbeelding

WOMMELS - In kundige redaksje mei bysûnder goede skriuwers. Dat is de konklúzje fan ’e sjuery oer doarpskranteredaksje Diggelfjoer Wommels. De sjuery fan ‘It bêste Frysktalige redaksjestik fan Súdwest-Fryslân’ kiest altyd in earste, twadde en tredde priis út anonimisearre teksten. Mar no bestie harren top 3 folslein út teksten fan Diggelfjoer Wommels. De sjuery en gemeente Súdwest-Fryslân hawwe besletten om de redaksje ien priis te jaan: in sjek fan 500 euro.

De priis is woansdei 8 maart útrikt troch wethâlder Petra van den Akker. It is de sande kear dat de gemeente Súdwest-Fryslân de priisfraach foar it bêste Fryske redaksjestik yn ’e doarps-, wyk- en stedskranten útset hat. De redaksjes mochten no ek teksten yn it Hylpersk en Stedsk ynstjoere. “Spitigernôch hawwe wy gjin teksten yn it Stedsk krigen. Mar de redaksje fan Uus likje wraald kaam wol mei in artikel yn it Hylpersk,” fertelt wethâlder Van den Akker. “Hoe moai is it dat sy yn it Hylpersk skriuwe! Sy binne wiere ambassadeurs fan ’e streektaal.”

It oantal ynstjoeringen lei dit jier relatyf leech: sân artikels. “Nij jier, nije kânsen. Ik hoopje dat mear redaksjes fan ’e doarps-, steds- en wykkranten dit jier wer teksten ynstjoere sille. Want wat soe it moai wêze as mear redaksjeleden yn harren memmetaal skriuwe soene! Oft dat no it Frysk, it Hylpersk of it Stedsk is. Elkenien mei grutsk wêze op syn of har eigen taal”, fynt wethâlder Van den Akker.

De sjuery beoardiele de ynstjoeringen op lêsberens en aktualiteit, mar ek op kreativiteit en it taalgebrûk. Sjueryfoarsitter en skriuwer Thys Wadman: “In doarpskrante is fan grut belang foar de ûnderlinge bining yn ús doarpen. It is moai om te sjen en te lêzen dat der hiel profesjonele stikken oanlevere wurde.” Njonken Wadman bestie de sjuery út Tiete Sijens, sjoernalist by Omrop Fryslân, en FNP-riedslid Jikkie Ruiter.

Bron: Gemeente Súdwest-Fryslân