Jaap Ypma wint Bolletongersdei Fotokwis

Algemeen
Afbeelding

BOALSERT - Omdat hy alles goed hie by de fotokwis ‘wêr steane dizze bylden yn Súdwest-Fryslân’? ûntfong de Boalserter Jaap Ypma ferline wike in moai Fûgelfrij streekprodukten pakket.

De fotokwis, organisearre troch de FNP,  is elk jier in grut sukses mei Bolletongersdei. Dit jier wie keazen foar foto’s fan keunstwurken rûnom út de gemeente, ferline jier gie it om tsjerketuorren.

It byld fan ‘de Fisker’ fan Boalserter Dirk Bosma skoarde it heechst. Mar minsken werkennen ek wol de bylden út Snits, Skearnegoutum, Wiuwert, Koudum en Folsgeare.

De FNP stiet graach op de altyd drokbesochte merk mei Bolletongersdei, de minsken komme dan rûnom út de gemeente nei Boalsert ta. Der wurdt traktearre op apels en drûge woarst, minsken meitsje in praatsje, hawwe fragen en kinne meidwaand oan de fotokwis.

Organisator FNP bestjoerslid Meinte Bergstra: “It wie no heechtiid om de 1e priis út te rikken. Mar we tinke no alfêst ek al nei oer de Bolletongersdei fotokwis fan takom jier”!