Pieter Stellingwerf uit Hindeloopen: “In segene minsk”

HINDELOOPEN - Pieter Stellingwerf en ik kennen elkaar al jaren. Tenminste als wij elkaar tegenkomen, groeten we altijd vriendelijk. 

Maar de eerlijkheid gebiedt te zeggen dat ‘elkaar kennen’ wel wat te stellig is uitgedrukt. Genoeg reden om met de vraag ‘wie is Pieter Stellingwerf’ af te reizen naar een unieke woonstee in wording, ‘de omgekeerde boerderij’ bij Hindeloopen. Het wordt een openhartig gesprek met theatermaker Pieter Stellingwerf die in een eerder leven actief was als verpleger. Pieter Stellingwerf voelt zich “in segene minsk.”

Pieter Stellingwerf

Een dag na het interview mailt Pieter mij toch nog even, omdat hij blijkbaar niet helemaal zeker is of het antwoord op de vraag wie hij is wel goed overgekomen is, of dat hij misschien het antwoord niet duidelijk geformuleerd heeft. “Ik tocht sneon: eins fiel ik my in segene minsk, miskien al betiid begûn yn it Griffemeard Ferpleechhûs. Dus wa is Pieter Stellingwerf? In segene minsk!”

Militaire dienst

Pieter Stellingwerf wordt op 27 juni 1962 geboren in het Gereformeerd Verpleeghuis in Sneek als zoon van Tjeerd Stellingwerf en Aagje Stellingwerf-Terpstra. Woont tot zijn vierde levensjaar in Ferwoude. Daarna woont Pieter tot zijn vijftiende jaar in Workum. Vervolgens verhuizen zijn ouders naar Hemelum, waar Pieter tot aan z’n diensttijd ook blijft wonen.

 “Ik woe eins hielendal net yn tsjinst, leaver die ik ferfangende tsjinst. Mar dat siet der net yn. Ik wie njoggentjin en hie krekt myn mts-diploma werktuigbouwkundige helle. Dat ik moast dóchs yn tsjinst en ha doe sein: ‘Sa leech en sa koart mogelik mar’. Ik kaam bij de Luchtmacht Bewakingsdienst yn Nijmegen en moast mei in gewear bij de poarte stean. Dat woe’k net en doe frege de aalmoezenier wat ik dán woe. Ik woe oan auto’s sleutelje en laskje. Mar ik krige kar út òf oan’e poart stean, òf hospik. Hospik? Nee, ik koe net oer bloed. Doe’t ik noch op ’e Warkumer mavo siet en we hiene biology oer it minslik lichem, dan tocht ik oan aaisykjen, oars foel ik flau. Gelokkich wende it al gau doe’t ik dan dochs hospik waard. Letter kaam ik op ’e fleanbasis yn Ljouwert.”

Het leven als hospik bevalt Pieter eigenlijk wel goed en als hij uit militaire afzwaait, solliciteert hij bij het ziekenhuis in Zwolle, waar hij de service opleiding A-verpleegkunde volgt, later gevolgd door IC Verpleegkunde.

Terug naar je jeugd, wat was jij voor jongetje?

“Ik kom út in grutte húshâlding: fiif broers en twa suskes. Ik wie de sechsde en wie wol wat in ferlegen jonkje, ik stammere nochal. At ik dan wat sizze woe, seine myn gruttere broers: ‘Hâld mar op, alles is al sein’. Fantasyryk wie’k leau ek wol, mar it kaam der net altyd út. Ik mocht graach omstrúne op ’e Warkumer Jiskepôle, in bûtenjonkje. Heit wie boerearbeider yn Ferwâlde, myn beide pakes wiene ek boer en myn omkes ek. Us heit wurke bij syn broer Wybren en it siet der foar mij en myn bruorren ek net yn om boer te wurden. Wij wiene allegear technysk en ik leau ek net dat it der bij ús ynsiet om boer te wurden.”

Hemelum

“Doe’t ik fyftjin jier wie en yn ’e lêste klasse fan ’e mavo siet, ferhúzen myn âlden nei Himmelum. Ik wist dat gjinien mij dêr koe en hie yn ’e gaten dat ik gewoan op ’e nij begjinne koe. Doe stammere ik net mear en ha de ferlegenheid ek oan ’e kant reage op ien of oare wize. Doe’t ik wer yn Warkum kaam, tochten se dêr: ‘Hé dy Pieter kin ek gewoan prate’.”

Je komt uit een groot gereformeerd gezin, hoe was dat?

“It wie net rom. In legere skoallemaster hat ris sein: “Ik ha wol seis jier achterelkoar deselde trui yn ’e klasse hân’. Wij krigen de klean fan ús âldere broers oan. Mar we kamen neat tekoart, ik ha in moaie jeugd hân. We kamen altyd smoarch thús, mem hie de badkúp al fol mei wetter en Biotex. Net foar ús, mar foar de klean. It wie bij ús thús wol wat in ‘Stuif-In’. We sieten wolris mei tweintich man yn ’e keamer, mei sjips en ranje. It wie altyd gesellich. Mem koe genietsje fan dy dynamyk. Heit en mem gongen noait nei âlderjûnen, wij koene allegear wol aardich leare, ik hie vwo-adfys, mar de mavo yn Warkum wie bêst genôch. Dat oare kin altyd noch wol, dan hoegde der foarearst gjin bus- of treinkaart oanskaft te wurden.

Ik haw gjin trauma’s oerhâlden fan myn religieuze roots. Heit lies foar út in âlde Hollânsktalige Bibel dy’t hast útmekoar foel en op it kaft siet in stikker fan Vietnam. Heit bidde fansels ek: ûnfersteanber, mar it hie wol wat. Ik gean noch altyd nei tsjerke. Ik leau yn in God. At wij tinke dat wij de grutsten wêze soene op ierde, en dat tinke we faak, dan soe it wol in earmoedige boel wêze. Minsken dy’t alles bepale! No, wat soe it dan in soadsje wêze. Ik tink wol dat der wat grutter is as ús. Sjoch noris nei de koroana, wij hawwe eins neat te sizzen.”

Ik ben benieuwd naar het antwoord op de vraag wie Pieter Stellingwerf is. Vertel maar eens.

“Ik fyn mijsels ridlik gewoan, mar ik merk wol faak dat ik tink: ‘Kin it ek oars?’ Dat seit miskyn neat oer wa’t ik bin, mar wol hoe’t ik yn it libben stean. Mei teater doch ik faak dingen fanút in bepaald perspektyf of letterlik op ’e kop. Dat haw ik dus ek mei ús pleats dien, mar dêr kinne we it aansens noch oer ha. Mar wa’t ik bin? Ik besykje wat te betsjutten yn it libben  foar in oar of foar de mienskip. Dat besykje ik te dwaan mei wat ik kin.”

Toch maar even over de boerderij: ben je de oude of de nieuwe versie van de boerderij waar jullie nu wonen?

“Ik bin eins beide, eins is dit myn libben. Ik wurd oare jier sechstich en yn dy sechstich jier is dit feroare. Ik kom út in boerelaach en at ik no om mij hinne sjoch bestiet dat boerelibben amper mear. De pleatsen binne produksjebedriuwen wurden of steane leech, en it Fryske plattelân en it libben dat der mei anneks wie, is der hast net mear. Tusken dizze âlde en nije pleats leit myn libben.”

SULT en BUOG

Pieter werkt zeventien jaar in de zorg: eerst drie en een half jaar in Zwolle, in het Sophia Ziekenhuis. Daarna werkt hij in het net opgerichte MCL in Leeuwarden. Na zijn opleiding IC-verpleegkundige werkt Pieter twaalf en een half jaar in Sneek. In 2001 neemt hij afscheid van de zorg en gaat verder als theatermaker, nadat hij al tussen 1991 en 1995 een opleiding aan de Hogere School voor de Kunsten in Utrecht gevolgd heeft. Uiteindelijk gaat Pieter de regiekant op. Zijn eerste grote openluchtproject is ‘Satre yn Starum’. In 1996 is Pieter Stellingwerf de oprichter van de teatergroep SULT.

In 2002 richt Pieter samen met Kees Botman BUOG op, dat staat voor Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen. Een groot bestraat drijvend plein met een veertig meter hoge schoorsteen vaart in negen dagen langs de industriële vaarroute in opdracht van de Provinsje Fryslân, eigenlijk Friesland Vaart, en markeert de start van dit bedrijf. Met steeds wisselende teams van muzikale en theatrale professionals en per gelegenheid vele vrijwilligers, staat BUOG al meer dan zeventien jaar garant voor het Bedenken en Uitvoeren van Ongewone Gebeurtenissen. Vanaf de oprichting zit Pieter Stellingwerf volop in het theaterwerk, in Friesland, maar ook in andere delen van het land. Pieter ziet zichzelf vooral als vormregisseur, die het complete plaatje maakt.

Je bent door al die producties bekend geworden, wat doet dat met je?

“Ik kaam bij de pleatselike supermarkt dêr’t ek in hiele goeie slachter sit. Hij seit tsjin mij: ‘Do stietst ek wer yn’e krante’. Wêrop’t ik sei: ‘Mar do ek, mei dyn droege woarsten’. Dat fyn ik like wichtich. De slachter makket bysûndere dingen en ik doch dat ek. Ik bin in plattelânsminske: mei de werktuichboukunde ha ik de technyk leard, en yn it sikehûs learde ik om mei minsken om te gean. En yn teater kombinear ik beide.”

Boerderij op de kop

“Ria Mollema, myn frou, is myn kompaan yn it bouen en betinken fan ‘it lânskip’. Sij is myn stabile faktor, we binne al 35 jier bij elkoar. En teagearre hawwe wij Tjardo (22) en Marte (19) krigen. En ja, oer dy pleats? Dêr is al in hiel soad oer skreaun, it is ús projekt, dit dogge we tegearre mei oaren. Tefolle om it hjir no fierder oer te hawwen. Minsken moatte mar ris even googlje. Der steane altyd wol lju om de omkearde pleats op ’e foto te setten.”

Door: henk van der Veer