Pjutte-opfang Krobbeguod en berne-opfang De Vlindertuin yn Makkum behelje sertifikaat foar twatalich wurkjen

Algemeen
Afbeelding

MAKKUM - Op it bernesintrum fan Makkum hawwe sawol pjutte-opfang Krobbeguod as berne-opfang De Vlindertuin it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. 

Sy wurkje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Op freed 8 july is it dêrom feest. Alle bern en alle âlders binne útnoege foar in gesellige moarn. Riemkje Pitstra sil in Tomkefoarstelling fersoargje, en sil dêrnei ek de útrikking fan it sertifikaat dwaan.

Twatalich wurkjen en Kids First

De Vlindertuin en Krobbeguod binne ûnderdiel fan de organisaasje Kids First. Dy organisaasje fersoarget berne- en pjutte-opfang rûnom yn Fryslân en ek dêr bûten. In grut part fan harren lokaasjes yn Fryslân wurket mei in twatalich belied.

Op lokaasjes dy’t wurkje mei in twatalich belied, prate pedagogysk meiwurkers elk ien taal. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en eventueel meardere talen leare. Yn Makkum hawwe alle pedagogysk meiwurkers in dúdlike taalopdracht. In part biedt it Nederlânsk oan, in oare part it Frysk. Foar beide talen is omtinken yn it aktiviteitenoanbod, lykas it foarlêzen en in sjongen,

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje yn Makkum west te sjen. Der is sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkling. De kommisje skriuwt yn har rapport oer pjutte-opfang Krobbeguod:

Guon bern boartsje yn de húshoeke. It tema is iten. De pm’er spilet dêr goed op yn. De pizza is noch hyt, se moatte eefkes blaze, broadsjes yn de oven dwaan, kinst der bûter op smarre. Beide pm’ers hâlde prima de eigen taal oan, ek yn ynformele situaasjes..                  

En oer berne-opfang De Vlindertuin:

Yn de Tomkewike set de Frysktalige pm’er de toan en yn de Pukwike de Nederlânsktalige pm’er. Foar de âlders is dat yn de hal by de tematafel al dúdlik. De dei fan de wike stiet dêr óf yn it Frysk óf yn it Nederlânsk oanjûn.

By it sertifisearringstrajekt krije De Vlindertuin en Krobbeguod begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.