‘Uw Groenteman Tedie Walthuis’, een icoon van Workum

Foto: Jelly Mellema

WORKUM - ‘Uw Groenteman Tedie Walthuis’, prijkt in witte letters op z’n pet. De 72-jarige groenteboer uit Workum runt al meer dan zestig jaar het familiebedrijf aan It Súd in z’n geboorteplaats. 

Tedie Walthuis, bouwjaar 1949, een icoon van de stad aan het woord over zijn leven tussen de kroppen sla, aardappelen en aardbeien. Met de ‘zomerkoninkjes’ begon het ooit allemaal. Een portret van een unieke en geliefde Workumer vrijgezel die wars is van alle modegrillen en poeha.

Het is druk in Workum, in de eerste week van de zomervakantie. De terrassen zitten weer vol met toeristen. Tedie Walthuis heeft het ook druk en heeft eigenlijk geen tijd voor een interview. Het moet letterlijk tussen de bedrijven door. Eigenlijk heeft hij nooit tijd om even rustig te zitten. Hij is altijd druk in de weer met z’n groente- en fruithandel. Niet zo verwonderlijk dat z’n bijnaam ‘Tedie bij nacht’ luidt. Tot ’s avonds laat gaat hij er met z’n blauwe ‘VW turby diesel’ op uit om groeten en fruit bij z’n stadsgenoten te bezorgen. “Dat doch ik oant ik klear bin. Ik bliuw ek wolris even hingjen om te praten. No mei de corona net fansels.”

Opschrijven in het boek

Het is drukker dan gedacht op deze maandagmiddag in de Groente- en Fruithal van Tedie aan It Súd in Workum. De groenteboer scharrelt door de hal om z’n klanten te helpen. De vaalblauwe cap op het hoofd, het ruitjeshemd stijf tot boven dichtgeknoopt losjes over de spijkerbroek. De stem is zacht, de ondeugend twinkelende ogen ontgaan niks. Wietse, een bekende van Tedie, stapt over de drempel en krijgt de gevraagde Friese kleiaardappelen mee. Hij betaalt niet. “Mar even yn’t boek?”, vraagt Tedie. Het kan allemaal, het vertrouwen is groot. Een keer in de week komt Wietse om te betalen. Gemakkelijk dat het zo kan. Even later haalt een andere vaste klant twee kratjes Heinekenbier op: ‘Sa giet dat hjir bij Tedie!’

De Winkel

“Ik bin in soan fan Tjamke Walthuis en Sippie Leenstra. Yn it hús neist wat no myn fruit- en grientehal op It Súd is, bin ik berne. Ik ha noch in jongere sus. In pear húzen fierder hawwe we froeger in winkel hân en dizze hal hiene we ek al. We hawwe de ferkeap nei de hal ferpleatst. In omke fan mij hie de winkel en sa is ús heit der ek ynrolle. Beppe wenne earst ek noch bij ús yn. Ja, ik bin no 72 jier. Ald? Och, it is noch altyd jonger as 80!”

De telefoon rinkelt. Tedie neemt op en luistert wat er aan de andere kant van de lijn wordt gevraagd. Of er ook met een ‘express card’ betaald kan worden. Nee, dat kan niet.  “Ik wit net wat dat is. Pinne kin wol!”

Jeugdjaren

Ogenschijnlijk heeft de tijd stilgestaan. De moderne koeling in de hal, een behoorlijke investering’, laat zien dat die conclusie niet juist is. Wat wel een feit is, is dat Tedie z’n jonge jaren al even voorbij zijn.

“Ik bin earst op’e kleuterskoalle west en doe nei ‘De School met de Bijbel’. Oh, ja ek noch nei de ‘Zondagschool’. We wiene Herformd. Ik krige wol in Kristleke opfoeding, mar heit en mem lieten ús wol frij. Ik ha de basis wol meikrigen. Minsken sa behannelje sa’t ik sels ek graach behannele wurd. At ik no noch yn tsjerke kom, dan is it net sa bêst. Krekt allinne noch bij begraffenissen. Ik ha ek in drok libben. Op myn frije dei moat ik boekhâlde en sa. In dei is samar om no? At je wolle dan soe it wol kinne hear, nei tsjerke ta, mar ik ha der ek net sa’n behoefte oan. Ik wit fan de ferhalen en ik wit hoe’t it moat. Ik wenje neist in dûmny. We prate dan net oer tsjerke en sa. Nee, dat dogge we net.”

Drave

“Doe’t ik sa’n jier as tweintich wie ha’k in soad oan hurddraven dien. Bij Horror yn Snits. Ik ha trije kear op in trening west. Doe koe ik it sels wol. Ik wie wol lid fan Horror, de atletykferiening. Ik ha ek prizen wûn, dy meist aansens wol even sjen. Thús ha’k allegear bekers stean. Ik ha in kear tsjin in jonge hjir út Warkum draafd. Dy koe hurd. Sei er. Ik sei tsjin him ‘dan drave we in rûntsje, sille we ris sjen wa’t it hurdst kin. Asto winst krijst fiif gûne.’ No ik koe de fiif gûne moai yn’e beurs hâlde!”

Na de lagere school gaat Tedie nog twee jaar naar de ulo, de tegenwoordige mavo. Twee jaar, meer dan genoeg in zijn optiek. Hij helpt liever in het familiebedrijf, daar voelt hij zich op z’n gemak. Daar kan hij zich nuttig maken.

“At der ris in kistke mei ierdbeien oer wie dan sei heit al gau miskyn kinst dy wol ferkeapje en dan gong ik Warkum yn. It slagge my altyd wol om de ierdbeien te ferkeapjen, ik kaam yn elk gefal mei in leech kistke thús.”

Een lekkere banaan

Tedie is gastvrij, een zachtaardig mens. Terwijl de klanten in de winkel groente en fruit uitzoeken komt Tedie in het voorbijgaan even bij ons. “Hawwe jim ek sin oan in lekkere banaan? Dat is foedsem iten.”

Zonder het antwoord af te wachten krijgen fotografe Jelly en ondergetekende van Tedie een gele pisang in de handen gedrukt. Bananen verkocht Tedie vroeger ook al, maar het assortiment is in de loop van de jaren wel veel uitgebreider geworden, ook bij Tedie, die opsomt wat voor waar hij verkoopt in z’n hal.

“We hiene mear seizoenprodukten, sa as blauwe beien en framboasen. No hawwe we ek in protte ymportprodukten. Sjoch no ris nei de krûden. Froeger hiene we allinne mar peterselie en no hast munt, bieslook, koreander. Is’t net wat? Koreander, earder wist ik net iens dat soks bestie. No en hjir ha’k noch lytse meloentsjes, taugé en little gem, it is Romeinse slaat. Dat ferkocht ús heit net. Ik krij de grienten en it fruit fan ferskillende leveransiers út Harns en fan It Hearrenfean. Froeger gongen we nei de feiling yn Koudum, mar dat is al hiel lang lyn.”

Tedie oogt broos, maar dat is hij zeker niet. Hij voelt zich goed gezond en mag dan wel een druk bestaan hebben, dat is ook regelmaat. Elke dag begint hij met een goed ontbijt. “Seis of sân stikken bôle en tomaten. Dat fyn ik genôch. Foar in oar miskyn net, mar foar mij is it goed sa.”

Na het overlijden van z’n vader, in 1997, gaat Tedie alleen door met de zaak, mem helpt dan tot op hoge leeftijd nog wel mee. Zij overlijdt op bijna 91-jarige leeftijd. Tedie blijft alleen achter, hij heeft de ware liefde nooit gevonden. In die zin is Tedie op en top een zelfstandige. “Mar goede rie is noait ferkeard nou?”

Gezondheid

Over gezondheid gesproken; nu 22 jaar geleden moest Tedie geopereerd worden en kon hij zes weken zijn beroep niet uitoefenen. Met zachte stem vertelt hij wat hem toen overkwam.

“Ik hie in plakje achter it ear sitten en dat hat de húsdokter weisnijd, mar net optsjoerd. Ik bin doe wer nei dokter tagien en sein dat ik beslist nei it sikehûs ta woe foar kontrole. Dokter woe dat net, mar ik woe it toch. Yn it sikehûs sei in dokter dat ik net skrikke moast, want der soene noch sân dokters nei mij sjen om mij yn ‘ogenskou’ te nimmen. Se hawwe allegear foto’s nommen en hawwe mij net earder opereard nei’t se alles wisten. Dat wie ek goed. In dokter út Grins hat de operasy dien. Der is in stik út it skouder seage. It wie in foarsorchsmaatregel en de dokter adfisearde it. No dy dokter hie der mear ferstân fan as ik. Ik bin ek bestraald wurden. Gelokkich is it goed kommen. Ik ha dêrnei myn wurk wer gewoan dwaan kinnen en fiif jier letter ha’k in nije bestelbus kocht. Dat doarde ik doe wol wer oan. Ik tink der no ek net mear oan. Ik hoech ek net mear foar kontrôle.”

It libben is moai

Tedie werkt voorlopig gewoon door, zoals hij dat al van jongs af aan doet. Hij denkt er ook niet over om op te houden. “Want de kondysje is prima. Ik wurkje omdat it ek myn hobby is en ik nocht oan myn wurk ha. It kontakt mei de minsken fyn ik ek fijn. It is alle dagen wer moai. Hoe’t it skielk komt? Dêr ha ik noch net oer prakiseard. At ik der net mear bin dan wit ik der niks mear fan. Ik sil wol net mear troch Warkum stappe. Dat is dachdromerij. It libben is moai. Warkum is moai. Ik ha ienkear nei Valencia west. Fiif dagen. Ik fûn it skitterjend. Doe hie in klant in priisfraach wûn en mocht de grienteboer wêr’t se de sinaasappels kocht hie ek mei yn’e bus. Dat ha’k tegearre mei myn suster dien. Ik bin in tefreden man en ha in fijne famylje, se steane altyd foar mij klear. Dat is moai!”

Door: Henk van der Veer