Berber Spliethoff út Snits wint ferhalewedstriid BoekfeestBoek

BUTENPOST- Freed 10 septimber wie it BoekfeestBoek, in jûn foar en mei lêzers én skriuwers, yn paviljoen MeM yn Bûtenpost. Goed 50 minsken kamen op it feest ôf dat it tema 'los' meikrigen hie, want sûnt lange tiid ien fan de earste literêre aktiviteiten. De ferhalewedstriid dy't troch Boeken fan Fryslân oan it feest keppele wie, is wûn troch Berber Spliethoff (1985, Snits) mei har ferhaal 'Leafde is loslitte'.

Sy krige út hannen fan skriuwster Hilda Talsma in boekepakket útrikt en koe dêrnei fuortendaliks it poadium nimme om har ferhaal foar te lêzen oan it oanwêzige publyk. Foar it winnende ferhaal stiet dêrnjonken noch in publikaasje op de rol.

Dit wie de tredde Boeken fan Fryslân-ferhalewedstriid dy’t troch Martsje de Jong en Hilda Talsma organisearre is. It begûn yn 2019 mei BoeksimmerBoek op de langste dei fan it jier yn Café Marktzicht yn Drachten. Dêrnei folgen op 31 jannewaris 2020 BoekwinterBoek yn Café De Bakkersdochter yn Snits en no BoekfeestBoek yn MeM Bûtenpost. Foar de ferhalewedstriid mei it tema ‘los’ wiene mar leafst 14 koarte ferhalen ynstjoerd. Martsje de Jong en Hilda Talsma dy’t de ynstjoerings beoardielen, wiene unanym dat it ferhaal fan Berber Spliethoff it winnende ferhaal wie.

Njonken it bekend meitsjen fan de winner fan de ferhalewedstriid, wiene der optredens fan Douwe Kootstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer en Elmar Kuiper. De jûn waard fierder muzikaal omliste troch duo Weima & van der Werf.

‘Wy sjogge werom op in tige slagge jûn fol moaie ferhalen ‘, sa seit Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: ‘Op nei it BoekwinterBoek yn jannewaris 2022!’