Berneboekeambassadeur besiket 40 basisskoallen yn Súdwest-Fryslân

SNITS- Skriuwster Lida Dijkstra, stiet yn ‘e startblokken foar har lêste, grutte toernee by basisskoallen del as Berneboeke-ambassadeur. Diskear giet it om 40 skoallen yn ’e Gemeente Súdwest-Fryslân, dy’t allegear fan harren gemeente de Lêskoffer fol Fryske berneboeken kado krigen ha.

 

“Freed is de ôftraap op de Sint Martinusskoalle yn Makkum. Takom wike giet it dan echt los.  Hûnderten bern sil ik moetsje, tsientallen learkrêften, yn Heech, Blauhús, Warkum, Snits, Hylpen, Tsjerkwert en alle oare plakken yn ‘e gemeente. Ik sil der ekstra fan genietsje, want dit jier rint myn amtstermyn as BBA ôf. Op Instagram @berneboekeambassadeur kinne jim alle besiten fan dei ta dei folgje”,  skriuwt Dijkstra op har fb-pagina.