IISblok mei brief fan folgjende generaasjes foar IIS projekten

Maaija de Roos fan it Prins Bernard Cultuurfonds oerlanget 1ste IISblok oan Christien Lycklama fan Aldegea.
Foto Guido Hibma

ALDEGEA(SWF)- Alle dielnimmers fan IIS, ûnderdiel fan kultuerhûndertdaagse Arcadia, krije in bysûnder kado; in iisblok mei dêryn berneredens. By de try-out fan Under Wetter, 12 mei j.l., oerlange Maaija de Roos fan it Prins Bernhard Cultuurfonds it earste IISblok oan Christien Lycklama fan Aldegea (SWF). Yn Aldegea sille ‘ alle ’ ferienings út it doarp in FrIIS konsert organisearje op de iisbaan, dit is ien fan de hast tritich IISprojekten.

De redens yn it IISblok steane symboal foar de folgjende generaasjes en it IISblok sels is in saneamde tiidskapsule. Yn de brief dy 't dêrby sit ropt de folgjende generaasje op om by alles wat de IISdielnimmers dogge rekken te hâlden mei de gefolgen foar ‘harren’. Nei ôfrin fan it projekt kinne de belutsenen in boadskip yn it IISblok dwaan foar de folgjende generaasjes. Dêrnei wurdt dy op in sichtber plak, yn it doarp, wyk of stêd fan it projekt pleatst.

Yntusken binne der al goed tritich IIS projekten ferspraat oer de provinsje. In tsiental fan dizze projekten fine noch dit jier plak, tidens de 100 dagen Arcadia. De oare projekten binne folop yn ûntwikkeling en krije stipe fan IIS yn de foarm fan greidesesjes, in keunstner en / of budzjet om ta in foarstelling, konsert, ynstallaasje of oare keunstfoarm te kommen. Der is noch romte foar nije projekten, oanmelde kin fia www.iis.fr.

Prins Bernhard Cultuurfonds

 It Prins Bernhard Cultuurfonds is de earste partij dy 't him oansletten hat by IIS, sels noch foardat dat se wisten hokker projekten meidwaan soene. Gau dêrnei folgen mear partners wêrûnder Provinsje Fryslân, Univé en VSBfonds.

 IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk. Alle projekten fan IIS binne makke troch en / of mei de mienskip. De fraach dy 't by alle projekten sintraal stiet; wat soene je meijaan wolle oan takomstige generaasjes. De ienigens, ferbûnens en de Fryske taal en kultuer binne sichtber, hearber en fielber yn de withoefolle foarstellingen, ferhalen en multymediale heechstandjes.Belibje se, en kom yn hûndert dagen yn de kunde mei Fryske doarpen, stêden, wiken en iisferienings.