Webside de Moanne publisearret absurdistyske kantoarthriller

SNITS- In nije Frysktalige podcast yn de foarm fan in fjouwerdielich harkspul makket de lockdown ynkoarten wat draachliker. Fan 3 maart ôf is yn in ûnsinnich ferhaal de kantoarthriller Gaazte Sjoerd te hearren fia de webside fan de Moanne, tydskrift en poadium foar kultuer en de keunsten.

Rûch ferhaal Yn Gaazte Sjoerd – Rûge podcast liedt makker Johannes Keekstra de harker troch de aventoeren fan kantoarklerk Gaazte Sjoerd, dy’t er op moandeitemoarn oant it skoft belibbet. Gaazte Sjoerd (ja, it is Gaazte en net Gaatze) wurket al tweintich jier yn it fersekeringskantoar fan seis ferdjippings, en hy hat al dy jierren in grut, roetswart geheim. Hoe’t er dêr mei omgiet tusken syn neiste kollega’s en de bloedmoaie Sytske, mei de lêst fan syn âlden op ’e skouders, meitsje we mei yn it harkspul fol kantoarlûden, mei de voice-over fan Johannes en spilers Ruurd-Jan Torensma en Marjan Terpstra. De ôfleverings fan sa’n acht minuten lang ferskine om de fjirtjin dagen op woansdei op www.demoanne.nl.

Trochbrekke De podcast past yn de nije oanpak fan it literêr tydskrift, dy’t sûnt dit jier ek in nije redaksje hat, te witten Amarins Geveke as haadredakteur en Tialda Hoogeveen as einredakteur. Mei frisse plannen en mear oanwêzigens op it digitale flak komt de Moanne, dat dit jier 20 bestiet, noch mear mei aktuele uterings nei bûten. Foar teätermakker Johannes Keekstra is de podcast in moaie útlitklep yn dizze tiid dêr’t oare aktiviteiten fuortfalle, lykas in teätrale kuier dy’t er oars regissearje soe en aktearwurk dat troch koroana ôfsein waard. Dêrnjonken trochbrekt it absurdistyske ferhaal it hurde wurk dat de skriuwer no ferset foar syn projekt dat op kommendewei is.

Johannes: ‘Ik wurkje oan in boek en teäterstik oer dûmny/dichter Francois HaverSchmidt, better bekend as Piet Paaltjens; dat sil ein dit jier allegear los. Ik siet dêr ôfrûne jier al moannen djip yn en ik fernaam dat ik my bot fêstbiet yn histoarje en feitlikheden. Ik krige echt ferlet fan gewoanwei in los ferhaal fertellen dat alle kanten út mei en nearne op slacht. Benammen dat lêste is mei dizze podcast goed slagge: it is healwiis, wat befrijend wurket en my in protte wille jout. Boppedat kin ik myn voice-over-keunsten en apparatuer yn dizze nuvere tiid sa better ûnder de knibbel krije. Prachtich dat de Moanne it ek noch oppakt.’