Friese gemeenten worstelen met begroting, ondanks het steunpakket

Foto Gewoan Dwaan - Douwe Bijlsma

DFM - Gemeenten, provincies en waterschappen in Nederland krijgen 777 miljoen euro binnen het nieuwe ondersteuningspakket. Dat bedrag krijgen ze als compensatie voor het verlies door de coronacrisis. Eind mei werd al 566 miljoen euro gegeven, daar komt dit bedrag bovenop. En dat is hard nodig, want eigenlijk alle gemeenten worstelen ermee. Ook in Friesland.

Fred Veenstra is naast burgemeester van De Fryske Marren ook voorzitter van de Vereniging van Friese Gemeenten. Hij is blij met de steun. ,,Ik tink dat it hiel moai is dat it Ryk op dit momint al komt mei it twadde part fan it stipepakket. Dat wie al tasein. Foar de simmer kaam it earste part, no it twadde. Oan de ein fan it jier moatte wy der opnij nei sjen. Mar ik bin der tefreden mei dat it al útûnderhannele is. Mar oft it genôch is, dêr moatte wy it mar ris goed oer hawwe.''

Steun valt tegen
Het eerste pakket met steun lijkt heel wat, maar als je het verdeelt over alle gemeenten valt dat wel tegen. Veenstra: ,,Myn eigen gemeente hat fan dy 566 miljoen mar 660.000 euro krigen. Dat is in relatyf lyts bedrach as je sjogge dat de echte coronakosten in mearfâld fan dat bedrach binne. It is mear as in drip wetter op in gleone stien, mar it is tink ik noch net genôch as ik de ferwachte ôfrekkening ein dit jier sjoch.''

Meer dan 1,5 miljard nodig
Daar is ook onderzoek naar gedaan, zegt Veenstra. ,,De Vereniging van Nederlandse Gemeenten hat in ûndersyk ynstelle litten nei de coronakosten fan gemeenten. Dat is by 10 gemeenten ûndersocht, ek by De Fryske Marren tafallich. Dêr kaam út dat it minimum foar de ferwachte kosten útkomt op goed 1,5 miljard, en dat kin oprinne oant 2,8 miljard. As je dizze stipebedraggen fan it Ryk optelle, dan komme je dêr noch lang net op út.''

Alle gemeente worstelen
Wat dat betreft is er nog wel onzekerheid over hoe het komt. ,,Alle gemeenten binne dwaande mei it opstellen fan de begrutting foar takom jier. Eltsenien sit mei it selde: hoe komt it, hoe dekke wy alle tekoarten, binne der genôch reserven, moatte wy besunigje, moatte de belestingen omheech? Dêr wrakselet eltsenien mei. Der is ôfpraat dat wy der oan de ein fan it jier wer nei sjogge. Wy hawwe it oant no ta ek noch allinne oer de bedraggen foar corona hawwe, en noch net oer oare winsken dy't gemeenten by it Ryk dellein hawwe. Bygelyks de kosten foar de jongereinsoarch, kosten foar de WMO of it opnij ferdielen fan it gemeentefûns. Dat binne wichtige dingen dêr't it Ryk noch net in soad oer seit. Wy hoopje dat prinsedei dêr wat mear dúdlikens oer jout."

Het Rijk bepaalt waar het geld van het nieuwe steunpakket precies heen gaat. ,,Dat hat it Ryk yn in tal haadstikken úteinset. Der is in bedrach foar lokale kulturele foarsjenningen, in bedrach foar buert- en doarphuzen, in bedrach om ús ta te rieden op de ferkiezingen. Sa is it allegeare yn lytse parten ferdield. Der sil ynkoarten in brief komme mei de ferdieling foar eltse gemeente."

Bron: www.omropfryslan.nl
 





Koop lokaal - bij onze vrienden

Agenda Bolsward - IJselmeerkust

Wees loyaal – aan onze vrienden