Hurdrindei fan Kûbaard op nij fan start
KUBAARD- Yn 2019 soe de 32e edysje fan de hurdrindei yn Kûbaard fan start gean. Spitich genoch is dy hurdrindei troch in stjergefal nea hâlden. Dizze hurdrindei waard annulearre en kaam ek troch de coronapandemy net mear yn beeld.
Syb van der Ploeg en Paul Kool ha foarich jier de hânnen ynien slein om de hurdrindei opnij wêr fan de grûn te krijen en binne no sa fier dat er in berjocht yn te krante kin mei deryn in oprop oan alle dravers om wer mei te dwaan oan de 32e edysje fan de hurdrindei fan Kûbaard dy’t op sneon 7 oktober (de earste sneon fan oktober) wêr hâlden wurdt. De start fan de rinners is om 11.00 oere. De start fan de Kidzzrun is om 11.15 oere.
Wolkom
Eltsenien is fan herte wolkom, want ek taskôgers binne belangryk. De ôfstanden binne: 8.3 km, 14.7 km en 21.1 km (de heale marathon). De Kidzzrun bestiet út twa routes. Foar de bern oantemei groep 4 is der in loop fan 1000 m en foar bern fan groep 5 oantemei 8 is er in parcours fan 1900 m. Foar bern is de dielname gratis en is der in medaille beskikber. It ynskriuwjild foar de oare dielnimmers is
Kosten: € 15,- p.p. en sûnder medaille kostet dit € 10,-.
Om deomballingen op it mêd fan de adminstraasje te beheinen is it hândich om dy digitaal yn te skriuwen mei behelp fan de site www.Kubaarddorp.nl. Fanôf 9.30 oere is it doarpshûs iepen om de ynskriuwing te betelje en it startnummer op te helje. It betelje mei in pinpas hat ek in foarkar. De hurdrindei wie altyd in lyts feestje, der ’t in soad minsken op ôf kaamen. Wy hoopje dat de hurdrindei wêr in moaie herinnering jout oan it smûke Kûbaard. Dit jier is der noch in nei-ynskriuwing op papier yn it doarpshûs tusken 9.30 en 10.30 oere. Mar, asto wis wêze wolst fan dyn ynskreauwen, dan is dat mei de kompjûter hândig want dat krijst in bevestiging fan dy ynskriuwing. By in tal fan 150 rinners slút de ynskriuwing.