Kollum boargemaster Jannewietske de Vries- Befoarrjochte minsken

Algemeen
Foto Henk van der Veer
Foto Henk van der Veer

SNEEK/SNITS- Demokrasy fine wy hjir, yn it frije Nederlân, in gewoane saak. Mar de Russyske ynvaazje yn Oekraïne lit sjen dat demokrasy hielendal net foar him sels sprekt. Dat wy hjir ús miening jaan kinne, sûnder it risiko te rinnen dat wy krekt dêrom opsluten wurde, sûnder earlik proses, is in rjocht dat net weilein is foar in grut part fan de minsken op dizze wrâld.

Wa’t de ôfgryslike bylden sjocht dy’t no op ús ôfkomme, fanút Charkov, Kiev, Lviv of oare plakken yn Oekraïne, slacht de skrik om it hert. Nei de ferskriklike boargeroarloch yn it eardere Joegoslavië (yn de perioade 1991-2001) sjogge wy opnij ticht by hûs, yn Europa, hoe’t ûnfêst ús frijheid is, en ûnwis in minskelibben.

De agresje fan it Ruslân fan Poetin hat ûnmiskenbere gefolgen foar ús allegear, ynwenners fan Súdwest-Fryslân. Ynternasjonale polityk komt sa ek ús riedsseal yn. Wat kinne wy bygelyks dwaan as gemeente om sa gau mooglik ûnôfhinklik te wurden fan Russysk gas? En wat binne dêr de konsekwinsjes fan?

Wylst ik dit skriuw bin ik der djip fan oertsjûge dat wy hjir yn in tige lúkse posysje sitte. Dat wy yn in frij lân libje en mei-inoar wat te kiezen hawwe. Dat it in foarrjocht is om oer krapoan twa wiken ús stim útbringe te kinnen by de ferkiezingen foar de gemeenteried.

Yn Súdwest-Fryslân dogge alve partijen mei. Alve partijen dy’t allegear earne foar stean. Alve partijen mei elts harren eigen ideeën en idealen. Ik bin der wis fan dat der in partij is wêr’t jo jo it bêste by thús fiele. Lês de Ferkiezingskrante, dy’t dizze wike by jo besoarge wurdt. Rieplachtsje de StemWizer op ‘e gemeentlike webside.

Mar it moaiste en alderwichtichst is dat jo op 14, 15 of 16 maart nei ien fan ’e 74 stimburo’s komme, en yn jo omgean litte dat wy, allegear mei in stimpas yn ús besit, befoarrjochte minsken binne. Stim!

Jannewietske de Vries, boargemaster 

Column- Bevoorrechte mensen

Democratie vinden wij hier, in het vrije Nederland, een gewone zaak. Maar de Russische invasie in Oekraïne laat zien dat democratie helemaal niet zo vanzelfsprekend is. Dat wij hier onze mening kunnen geven, zonder het risico te lopen dat wij juist daarom gevangen worden gezet, zonder een eerlijk proces, is een recht dat niet is weggelegd voor een groot deel van de wereldbevolking.

Wie de afgrijselijke beelden ziet die nu tot ons komen vanuit Charkov, Kiev, Lviv of andere plaatsen in Oekraïne, slaat de schrik om het hart. Na de vreselijke burgeroorlog in het voormalige Joegoslavië (in de periode 1991-2001) zien wij opnieuw dicht bij huis, in Europa, hoe broos onze vrijheid is, en hoe onzeker een mensenleven.

De agressie van het Rusland van Poetin heeft onmiskenbare gevolgen voor ons allemaal, inwoners van Súdwest-Fryslân. Internationale politiek komt zo ook onze raadszaal binnen. Wat kunnen wij bijvoorbeeld doen als gemeente om zo snel mogelijk onafhankelijk te worden van Russisch gas? En wat zijn daarvan de consequenties?

Terwijl ik dit schrijf ben ik er mij terdege van bewust dat wij hier in een zeer luxe positie zitten. Dat wij in een vrij land leven en met elkaar wat te kiezen hebben. Dat het een voorrecht is om over bijna twee weken te kunnen stemmen bij de verkiezingen voor de gemeenteraad.

In Súdwest-Fryslân doen elf partijen mee. Elf partijen die allemaal ergens voor staan. Elf partijen met elk hun eigen ideeën en idealen. Ik ben er zeker van dat er een partij is waar u zich het beste bij thuis voelt. Lees de Verkiezingskrant, die deze week bij u wordt bezorgd. Raadpleeg de StemWijzer op onze website.

Maar het mooiste en allerbelangrijkste is dat u op 14, 15 of 16 maart naar een van de 74 stembureaus komt, en u zich realiseert dat wij, allen in het bezit van een stempas, bevoorrechte mensen zijn. Stem!

Jannewietske de Vries, burgemeester