Algemeen

Sytske Bos wint Bolletongersdei Fotokwis

BOALSERT- Omdat se alles goed hie by de Bolletongersdei-fotokwis ‘wêr stiet dizze mole yn Súdwest-Fryslân’ ûntfong winner Sytske Bos út Boalsert ferline wike in moai pakket Fryske streekprodukten.

Foto oanlevere
Foto oanlevere
\n

De fotokwis, organisearre troch FNP Súdwest-Fryslân, is elk jier in grut sukses; dit jier wie keazen foar foto’s fan mûnen rûnom yn de gemeente, ferline jier gie it om brêgen.

De FNP stiet elk jier mei in kreamke op de altyd drokbesochte Bolletongersdei-merk. De minsken komme dan rûnom út Fryslân nei Hanzestêd Boalsert ta, meitsje in praatsje, hawwe fragen, der wurdt traktearre wat lekkers en je kinne meidwaan oan de fotokwis.

Organisator FNP bestjoerslid Meinte Bergstra: “Der wiene wer in protte dielnimmers, takom jier steane we sawiesa wer op de merk yn Boalsert mei in nije Bolletongersdei-fotokwis”!