SNEEK/KOUDUM - Anna Marije Bloem (38) uit Sneek is een creatieve duizendpoot. Een flamboyante enthousiaste jonge vrouw. Onderwijsadviseur bij Cedin, een organisatie van bevlogen professionals met hart voor onderwijs en zorg. Skoalstiper. Organisator van duizend en één dingen. Presentatrice. Fryslân-lover pur sang. En nog veel meer. Anna Marije is vooral een bevlogen mens in heel veel dingen die het lieve leven mooi maken. Maar nu heeft de grutske mem van Jonah en de vrouw van Beer even genoeg aan haarzelf.
Ze verloor een dierbare vriendin, kreeg ernstige stemproblemen en ontving recent het nieuws dat haar mem ziek is. Tijd voor een pas op de plaats en reflectie. Dwars tegen alles in, een positief maar ook een persoonlijk verhaal waarin ze zich volgens eigen zeggen kwetsbaar opstelt. Dat geeft meteen een dubbel gevoel: “Wol ik dit? Mysels sa sjen litte? Ja! Miskien hawwe oare minsken ek wat oan myn ferhaal.
Anna Marije Bloem is een doarpsfamke uit Koudum. Ze groeit op in een fijn gezin als dochter van Johan en Anneke Bloem en als zusje van Daniël en David. ‘Ik bin no 38 jier, mar foar myn grutte stoere broers sil ik altyd it lytse suske bliuwe. Ik haw oant myn 23e thús yn Koudum wenne. Eins wie ik fan doel al earder op mysels wenjen te gean, mar omdat myn heit earnstich siik waard, bin ik langer thús bleaun. Myn libben wie oant dat momint soargeleas. Wat haw ik in prachtige jeugd yn Koudum hân mei freonen en freondinnen.
In leafdefol nêst
Anna Marije ziet zichzelf terug als een enthousiast, blij en vrolijk meisje. “Mem neamde my altyd in stikje bûter yn de brij. Se wienen der wis fan dat ik in jonge wurde soe, omdat heit ek út in húshâlding fan trije jonges kaam. Mar it waard dochs in famke.
Mem neamde my altyd in stikje bûter yn de brij
”Het gezin waarin Anna Marije opgroeit is een liefdevol nest. Met een mem die er altijd voor de kinderen was. En een heit die letterlijk en figuurlijk veel op de bühne stond. Als heit Johan, die werkte als leraar en onderwijsadviseur, thuis was, dan was dat ook voor de volle honderd procent. Heit had naast het leraarschap op Bogerman en zijn rol als onderwijsadviseur bij Cedin eigenlijk nog ‘een derde baan’, die van muzikant bij onder andere Cajun Beano. Daarbij, er was nog veel vrijwilligerswerk.
Leafde foar it Libben
It wie bij ús thús in multykultureel barren”, vertelt Anna Marije. “At der nijkommers yn Koudum kamen te wenjen, waarden se by ús op ’e kofje útnûge, kamen se te iten en learden wy se de omjouwing kennen. It makke net út wêr’t se weikamen, of it no Joegoslavië wie of Afrika. Us heit en mem hawwe in soad reizge en se hawwe fjouwer jier op Curaçao wenne, dêr’t myn beide broers berne binne. Heit en mem hawwe beide op in kibboets wurke en troffen elkoar letter yn Snits yn ’e Witte Kat. Koartsein: de leafde foar oare minsken en oare talen komt by ús thús wei. Leafde foar it libben yn alle fasetten. In fijne basis.
![]()
”Doordat Anna Marije een muzikale heit had, kwam ze al jong in aanraking met muzikale feestjes en waren er veel muzikanten die ‘oer de flier’ kwamen. Als de familie op wintersport ging, waren er altijd muzikanten mee en was er leven in de brouwerij. Ook was het regelmatig een zoete inval bij de familie Bloem thuis in Koudum. Familie en vrienden waren altijd welkom. Alles kon en iedereen mocht aanschuiven.
God is leafde
Anna Marije groeide op in een christelijk gezin waarin ‘God is leafde’ het fundament was. Sinds het overlijden van haar heit noemt ze zichzelf een spiritueel christen. “Dat komt omdat ik dat, nei de dea fan ús heit yn 2012, sa erfaren ha. Ik haw him yn alles om my hinne. Us heit wie in hiele hurde wurker. Sa beflein en oeral foar yn. Miskien is dat ek wol de reden dat er mar 58 jier wurden is, hy libbe trije libbens yn ien. Foardat ús heit stoar ha’k mei him ôfpraat dat - at it koe - hy my nei syn dea berikke soe. Dat is miskien dreech om te leauwen foar oare minsken, mar dat hat hy al sa faak dien. At ik kuierje of stil bin, dan kin ik ien-op-ien mei him prate.
It kin dochs net sa wêze dat it nei de dea allegear foarby is?
Miskien ha’k him no noch wol mear yn myn libben as foar syn dea. Dat is bysûnder. It leauwen, dat wy as basis meikrigen, hat noch mear ferdjipping krigen. It is foar my de ferbining fanút it leauwen mei alle eleminten út it libben en dêrnei. En it besef dat we in siel bínne en in liif háwwe. Us liif is in jaske dat útgiet. Nei heit syn dea ha ik ynsicht krigen yn wat wy hjir dogge en wêrom’t wy hjir binne. Heit hie safolle kennis, humor en leafde. Ik tocht altyd; ‘It kin dochs net sa wêze dat it nei de dea allegear foarby is?’ Mar ik wit en fiel troch dy djippe erfaringen dat it der allegear noch is. Dat jout my krêft en moed om fierder te gean.”
Hoopfol fierder
Hoopvol verder leven, ook nu in een periode dat ook Anna Marije haar mem ziek is. Dat is en blijft heel erg verdrietig. Toch zijn de mooie en waardevolle gesprekken die ze met haar mem en broers voert over wat werkelijk belangrijk is, opnieuw kostbaar voor Anna Marije. Op dit moment ondergaat haar mem de eerste behandelingen en is er nog veel onzeker over het verloop. ‘“Mar myn mem is sa moedich en geweldich, ik bin ferskriklik grutsk op har en sa wiis mei har!”
Underwiis sit yn it bloed
Het onderwijs zit Anna Marije Bloem in het bloed. Zij trad daarmee in de voet sporen van haar heit. Beiden docent op het Bogerman en beiden onderwijsadviseur ‘Frysk en meartaligens’ bij Cedin. In het begin naast haar baan als docent Fries in het voorgezet onderwijs maar sinds een paar jaar volledig.
“Myn deistige praktyk is bysûnder ôfwikseljend: ik train mei in ferskriklik soad wille juffen, masters en dosinten yn de training ‘Klasse Frysk’, ik stypje skoallen en dosinten troch hiel Fryslân, ûntwikkelje mei myn kollega’s lesmateriaal foar sawol ‘LêsNo’ as ‘Searje 36’. Wy organisearje eveneminten lykas ‘SjONG’, ‘Ferstival’ en it ‘WOW kongres’ en ik doch presintaasjewurk. Yn myn rol as skoalsti per wurkje ik gear mei direksjes, skoallie ders en dosinten. Sawol yn it fuortset- as yn it praktykûnderwiis. En fanút ‘Taalplan Frysk 2030’ hawwe wy mei Cedin in yn tinsive gearwurking mei ús kollega’s fan de Afûk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Fers, Keunstwurk, Semko en de Provinsje.”
Passy foar it Frysk
Echter op dit moment staat ‘ideeënmachine’ Anna Marije Bloem even stil. Dat wil niet zeggen dat de passie verdwenen is. Nee, gewoon even pas op de plaats, waarbij ze alle steun van haar werkgever krijgt. Met enthousiasme deelt ze met ons haar liefde voor de Friese taal.
“Myn grutste driuwfear is myn passy foar it Frysk; de taal fan myn hert. Ek set ik my mei in soad leafde en kompasje yn foar oare talen fan it hert, lykas it Arabysk, Oekraynsk of Farsy (Perzisch - red.). Dyn taal seit wat oer wa’ tstst bist, wêr ’tst weikomst en hinne wolst. Ik tink graach mei skoallen nei oer hoe’t we dy rykdom oan talen in betsjuttingsfol plak jaan kinne yn de deistige praktyk. Bern meie harren taal fiere! It aldermoaiste oan wurkjen yn it ûnderwiis is it kontakt mei minsken; en seker mei jongeren. Yn myn rol as dosint en begelieder set ik my yn om maatskip lik relevante tema’s yn it klasselokaal te bringen. Mei bern prate en filosofearje oer dingen dy’t der ta dogge en dêrby each hawwe foar wat der yn harren om giet. Myn grutste komplimint is dat de jeugd seit dat ik harren echt sjoch.”
Kwetsberheid as krêft
Haar stemproblemen zorgen ervoor dat ze haar geliefde werk tijdelijk niet uit kan voeren. Op de bühne of voor groepen mensen staan zonder stem maakt het erg ingewikkeld. De persoonlijke omstandigheden maken het herstel er niet gemakkelijker op. Al gaat het intussen een stuk beter.
![]()
“Mar ik merk dat it my daliks op ‘e stim slacht, sadree’t we bygelyks in spannende útslach fan mem ferwachtsje. It is myn swakke plak wurden. Hiel ûnhandich foar myn wurksumheden wêrby’t myn stim myn ynstrumint is. It makket dy hiel kwetsber.” Toch ziet ze kwetsbaarheid tegelijkertijd ook als kracht. ‘We meitsje allegear dingen yn it libben mei dy’t ús foarmje. Ferlies, it omgean mei tsjin slach, sykte, wy ha der allegear earder of letter mei te krijen. Om dêr iepen oer te wêzen, om dêr mei elkoar oer te praten en elkoar te dragen jout sa’n soad krêft. It liket soms wol sa yn dizze maatskippij, mar net alles is ‘maakbaar’, Dêrom woe ik graach meiwurkje oan dit artikel.”
Leauwe, hope en leafde
Leauwe, hope en leafde, dat is wat der, at it der op oankomt, ta docht. Miskien net tafalligerwize myn âlders en ús troutekst en de tekst op heit syn grêf,” Geloof, Hoop en Liefde. Anna Marije Bloem ziet dit interview als een ‘scharnierinterview’, waarin haar liefde voor haar werk en haar liefde voor het leven onlosmakelijk met elkaar verbonden zijn. “En sa heart it ek te wêzen. Wy hawwe allegear ús eigen paad te berinnen, mar hân yn hân binne de drege stikken better fol te hâlden.”
Takomst
Ze weet dat haar kern, ondanks “dizze muoilike perioade” nog heel is. Daarom durft ze ook haar blik op de toekomst te richten. Samen met haar man Beer - “Hy is ‘Waddenwachter’, yn tsjinst fan it ministearje fan LNV en hâldt him dwaande mei fûgels, seehûnen, mosselperselen, boaiemkwaliteit, ensafuorthinne” - en hun vierjarig zoontje Jonah - “Ferneamd nei pake Johan” - waar ze met volle teugen van geniet. Juist nu.
“De leafde foar it Frysk en de leafde foar it libben sille altyd in wichtige rol yn myn takomst spylje. In prachtige metafoar foar it libben is in útspraak oer it Frysk: ‘It giet der net om hoefier ast der mei komst, mar hoe djip.’ Ik hoopje ynspirearje te meien dat, wat ús ek oerkomt, it libben mear as de muoite wurdich is! Genietsje fan de natuer, minsken, muzyk, kreativiteit en fan stilte. Sa haw ik it leard en sa wol ik libje: Alles is leafde!”






