Cultuur en uitgaan

Grûnwetter: Nije bondel gedichten fan Remco Kuiper leit fanôf dizze wike yn ‘e boekwikel

Door: Ynte Dragt

FRYSLAN - Yn ’e Fryske Boekewike van 8 oant 16 novimber ferskynt by Utjouwerij DeRyp de bondel Grûnwetter mei gedichten fan Remco Kuiper út Snits. Der is lang lang nei útsjoen nei dizze bondel, mar no leit der yn ’e boekwinkel! 

Afbeelding
Afbeelding aangeleverd

Grûnwetter is in rike bondel dy’t sêft fan toan is. Yn hechte, mar linige taal set de dichter it lichte neist it  swiere, op in tige persoanlike wize. Dit yn in lânskip dat feroare is, mei hieltyd it wetter, dat troch de grûn syn gongen fynt, it ferline suveret, de boarne siket. 

De feestlike presintaasje wurdt holden op sneintemiddei 7 desimber yn teater De Bres (Ljouwert)