Sneon 24 oktober: Kulturele Kuier ‘nei it ûntstean fan Blauhûs’
BLAUHUS - De kulturele kuiertocht fan de Blauhúster Gerben Rypma Stifting stiet sneon 24 oktober yn it teken fan it ûntstean fan dit doarp. De tocht begjint middeis 1 oere by kafee De Freonskip en giet oer Greonterp nei it tsjerkje yn Hieslum. Hjir is kofje en fertelt Lucas Foekema it ferhaal fan de Hieslumer pastoar Adam Petri.

Petri rûn moandei 14 augustus 1651 - troch it krekt drûchleine Sensmeer - nei syn nije stee: it gebou fan it polderbestjoer “it Blauwe Hûs”, wêr in romte foar tsjerketsjinsten ynrjochte waard. Dizze datum wurdt beskôge as offisjele datum foar it ûntstean fan parochy Sensmeer – Blauwhuis.
Om it Blauwe Hûs hinne ûntstie it doarp Blauhûs, mei anno 2026 rom 600 ynwenners, 280 wenningen en ferskate foarsjenningen. Der binne ûnderweis yntermezzo’s oer de skiednis, in eardere buorkerij, skiepewol en in bysûndere klinte.
Wa’t mei kuierje wol. oanmelde kin fia 06 38909704. Sneon 24 oktober, 12.45 oere, by kafee de Freonskip Blauhûs







