Fryske Foarlêswike 26 o/m 30 oktober: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

SNITS- Sa’n 12.500 pjutten fan pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en gastâlders wurde yn de Fryske Foarlêswike foarlêzen út in nij Tomke-boekje, dat sy dêrnei mei nei hûs krije. Gewoanwei is de Fryske Foarlêswike yn de earste folle wike fan juny. Hûnderten frijwilligers binne dan op ’en paad om troch de hiele provinsje foar te lêzen oan pjutten. Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier komme der gjin foarlêzers fan bûten, mar is it juf dy’t foar ien kear sels foarlêst út it nije Tomke-temaboekje. Der wurde sa’n 19.000 nije Tomke-boekjes ferspraat. It nije Tomke-boekje kin ek fergees ophelle wurde by de biblioteek.

De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Ien, twa, los!

It nije Tomke-boekje hat as tema ‘bewege’ en hjit: ‘Ien, twa, los!’. Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Mirjam van Houten ha prachtige nije ferhaaltsjes skreaun en Luuk Klazenga en Mirjam van Houten ha dêr moaie yllustraasjes by makke. De ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: fan bûltsjeblazen oant koproljen, fan sels nei skoalle fytsen oant fuotbaljen.

Nij: Keimpe de Krokodil

Neist it Tomke-temaboekje is der yn de biblioteken noch in kadootsje te finen. It alderearste Keimpe de Krokodil-boekje! Keimpe de Krokodil wol bern fan 4-8 jier (en harren âlders) oanmoedigje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen. Dêrmei wurdt wearde jûn oan it Frysk as memmetaal en as twadde taal. It Keimpe-boekje mei de titel ‘Rinne mei Jep’ kin troch de âlders foarlêzen wurde, mar ek troch begjinnende lêzers sels lêzen wurde. Alle basisskoallen yn Fryslân krije it Keimpe-boekje opstjoerd, mei dêrby de lesbrief dy’t by it boekje heart. Keimpe de Krokodil lit sjen dat it leuk is om Frysk te lêzen, en hielendal net yngewikkeld. Sa stimulearje Tomke en Keimpe de Krokodil tegearre meartalichheid en krije bern de foardielen dêrfan mei.

Foarlêsfideo’s

Om’t der dit jier gjin foarlêzers fan bûten op de lokaasjes komme, sille yn de Fryske Foarlêswike alle dagen foarlêsfideo’s te sjen wêze dêr’t de nije ferhaaltsjes fan Tomke en Keimpe yn foarlêzen wurde. Hâld de social media fan Tomke yn ’e gaten om de fideo’s te besjen. Yn de Stellingwerven en It Bilt wurdt út it Tomke-boekje foarlêzen yn de eigen taal.