Cultuur en uitgaan

Talintejacht Lytske Aaipop werom yn Nijlân

Nijlân - Jierrenlang koenen (begjinende) artysten en bands in plakje fertsjinje op it poadium fan it Aaipop festival troch it winnen fan in talintestriid. Eartiids organisearre Stifting Aaipop ‘Lytske Aaipop’ en letter gongen se Fryslân yn mei ‘Aaipop der op út’. Troch de jierren hinne dienen bands as De Hûnekop, NNB, Skraal, Xigatze, mar ek solo artysten sa as Joop Obama mei oan dizze kontest. Guon wûnen de striid, oaren makken yndruk en bin úteinlings ek op it Aaipop poadium bedarre en fier dêrbûten. De lêste jierren koenen beide talintejachten net plakfine, mar takom jier komt Stifting Aaipop wer werom mei Lytske Aaipop.

Foto Omrop Fryslân
Foto Omrop Fryslân

In poadium oanbiede wêr’t bands poadiumûnderfining opdwaan kin. Dat wie eartiids it doel fan Lytske Aaipop en takom jier sil dit net oars wêze. Op 21 jannewaris 2023 fynt Lytske Aaipop plak yn’e doarpskroech fan Nijlân, de Herberch fan Nylân. Artysten en bands kinne harren opjaan fia ynfo@aaipop.frl. De winner fan de striid fertsjinnet in plakje op it grutte Aaipop festival op Peaskemoandei yn Nijlân. Sawol it optreden op Lytske Aaipop as op it Aaipop festival moat folslein yn it Frysk as yn oan it Frysk besibbe streektalen lykas it Stedsfrysk en it Bildts wêze.