De Raven
LJOUWERT- Útjouwerij Audiofrysk hat mei op inisjatyf fan Goffe Jensma, emearitus heechlearaar Frysk, in harkboek útbrocht mei oersettingen út de wrâldliteratuer troch Douwe Tamminga (1909-2002). Benammen it ferneamde, yntrigearjende gedicht The Raven, fan Edgar Allen Poe, wie dêrta de reden. Neffens Freark Dam komt Tamminga’s oersetting it tichtst by de sombere glâns en de sonoare lûding fan it orizjineel.

Tamminga hat gâns gedichten út oare talen oerset en dêrfan hawwe wy alve útkeazen foar dit bysûndere projekt. Jensma hat se sels ynlêzen en syn waarme, donkere stim jout in ekstra diminsje oan it lústerjen nei de fersen. Ek binne de ynlieding fan Freark Dam by De Raven en de taljochting fan Tamminga by It Winterferhaal fan Dylan Thomas opnommen.
De teksten fan de gedichten steane op www.audiofrysk.nl.
Foar dit projekt ha wy tastimming krigen fan it FLMD dat it Tammingafûns yn behear hat.
De cd kostet 12 euro yn de boekhannel, mar it harkboek is as download ek te keap by Luisterrijk foar 6 euro. Binne jo lid fan de byb, dan kinne jo him meikoarten fergees beharkje yn de Online Bibliotheek, lykas al ús audioboeken.
Op www.audiofrysk.nl fine jo mear as 90 titels en fan elk boek is in stikje te hearren.











