Fryske jûn mei Anita Terpstra yn biblioteek fan Boalsert
BOALSERT- Tongersdei 9 novimber om 19.30 oere is Anita Terpstra yn Biblioteek Boalsert. De lêzing fan Anita is yn it ramt fan de Fryske Boekewike fan 4 oant 12 novimber 2023. Anita fertelt oer it kadoboek ‘Hiltje yn Pella; in Friezinne (1805 – 1898) op syk nei in better libben yn Amearika.

Anita Terpstra
Anita Terpstra is in Nederlânske thrillerauteur en freelance sjoernalist en redakteur. Se studearre sjoernalistyk en keunstskiednis. Earder skreau sy heech wurdearre thrillers, lykas it foar de Gouden Strop nominearre ‘Samen’. De alsidige Terpstra skreau in non-fiksjeboek oer grutte húshâldingen fan eartiids ‘Het huis vol’, dat inkelde wiken yn de bestsellerlisten stie, en de roman ‘De Moedermaffia’. Oer de skiednis fan har foarâlden, dy ’t yn de omkriten fan De Harkema libben, hat se it boek ‘Al mijn moeders’ skreaun. Dat giet oer de froulju yn har stambeam.
Hiltje yn Pella: in Friezinne op syk nei in better libben yn Amearika
Anita hat spesjaal foar de Fryske Boekewike in kadoboek skreaun. It kadoboek giet oer Hiltje Aukes Sipma fan Boarnwert dy’t mei har hiele húshâlding (man en seis bern) yn 1847 tagelyk mei 800 oaren nei Amearika emigrearret en dêr de mienskip Pella oprjochtet.
Wolsto by dy lêzing wêze? Meld dy dan no oan: https://bmf.op-shop.nl/1749/lezing-anita-terpstra/09-11-2023










