Veel interesse van kopers voor te koop staand museumdorp in Allingawier

Door: Redactie 15 jan 2024, 19:00 Cultuur en uitgaan
Mark de Witte (l) en Ferk Schakel
Mark de Witte (l) en Ferk Schakel

ALLINGAWIER - Op vastgoed-verkoopsite Funda staat een opvallend object te koop: het voormalige museumdorp Aldfaers Erf in Allingawier. Ooit was dit cultuurhistorische museum, waarin te zien en te beleven was hoe mensen op het platteland een eeuw geleden leefden en werkten, een van de grootste toeristische attracties in Fryslân. Met name de laatste tien jaar daalden de bezoekersaantallen. Medio september sloot het museum definitief de deuren. “It wienen prachtige jierren, mar wy moatte no foarút sjen. Ik ferwachtsje dat it museumdoarp in moaie herbestimming krijt”, zegt oud-bedrijfsleider Ferk Schakel.

Het terpdorp Allingawier telt slechts 75 inwoners, waarvan de meeste in het buitengebied wonen. Het terrein van het voormalige museumdorp Aldfaers Erf aan de Kerkbuurt slokt dan ook een groot deel van het grondoppervlak in de dorpskern op. Een oude smederij, een rijksmonumentale boerderij, een schuur, een - veertien jaar geleden nieuw gebouwde - horecagelegenheid en een achtergelegen stuk land nemen in totaal 2,4 hectare in beslag en dit alles staat nu als één object te koop op Funda. 

“In lust om hjir te wêzen”
De oude eigenaar, stichting Aldfaers Erf, verkocht het museumdorp in december aan vijf Friese ondernemers, die samen vaker investeren in vastgoedprojecten. Het zijn Mark de Witte (Makkum), Peter en Richard Miedema (Bolsward) en Sikke Reinsma en Hylke Tholen (beiden uit Wergea). “Ik bin tige bliid dat dizze manlju it kocht hawwe en wit dat in passende herbestemming fan it museumdoarp by harren yn goeie hannen is”, zegt bestuurslid Ferk Schakel (65) van stichting Aldfaers Erf.

Wy wolle de gebouwen in moaie herbestimming jaan

Mark de Witte, die namens de huidige kopers bij het gesprek aanwezig is, knikt. “Ik kaam as bern altyd graach op ‘e fyts fanút myn wenplak Makkum nei it museum yn Allingawier ta. Dat wie doedestiids noch in belibbenis. In pear jier lyn waard ik hjir mei myn boukundich advysburo troch de stifting belutsen by de renovaasje fan in museumpand. Doe’t ik hjir oan it wurk wie, bin ik fereale wurden op it doarp. Yn it skoft siet ik te genietsjen fan it wiidse útsicht, de stilte én de natoer yn Allingawier. It wie in lust om hjir te wêzen. Dêrom haw ik úteins, tegearre mei de oare seis manlju, it museumdoarp kocht. Wy sykje no in geskikte keaper, foar wa’t wy de herbestimming boukundich yn oarder meitsje kinne, mar de nije eigner kin fansels ek sizze fan: ‘Wy hawwe der ús eigen minsken wol foar’.“

Passende bestemming
De gemeente Súdwest-Fryslân staat er, volgens De Witte, welwillend tegenover om het museumterrein een andere bestemming te geven. “Dy nije bestimming moat fansels by de aard en de skaal fan it doarp pasje. Der binne wy as ferkeapjende partij ek skerp op. In Landal GreenParcs of appartemintenkompleks past hjir bygelyks net. Wy ferkeapje it museumdoarp it leafst as ien gehiel, want dat is tink ik ek de krêft fan dit objekt.”

De Witte vertelt dat er tot nu toe veel interesse is van kopers. “Minsken dy’t hjir in soarchbuorkerij, in ‘Bed & Breakfast’ of in partikulier wenplak fan meitsje wolle. Ek is der in kandidaat by dy’t hjir in wenmienskip meitsje wol foar persoanen dy’t net oer de strieling fan stjoermêsten kinne. Koart sein kin it, qua keaper, noch alle kanten op.”

Historie
De in 2020 overleden bouwkundig aannemer Yde Schakel zette de Aldfaers Erfroute in de jaren zestig als hobby op en kocht daarvoor oude panden in Exmorra, Allingawier en Ferwoude op, die hij als museumruimte inrichtte. Door de jaren heen werd de opzet steeds professioneler en werd hiervoor een stichting in het leven geroepen. “Ik haw fan myn achttjinde jier ôf yn it museum wurke”, zegt zijn zoon Ferk Schakel. “Ik bin ûnderoan de ljedder begûn en fertsjinne earst 125 gûne yn ‘e wike. Yn de earste wiken wie dat sân dagen efterien. Ja, ik waard troch myn heit flink troch de mosterd fitere”, kijkt hij glimlachend terug. “Troch de jierren hinne haw ik my opwurke ta bedriuwslieder. Yn de jierren santich en tachtich kamen hjir wol 140.000 besikers per jier en wy hienen mar leafst njoggentjin minsken yn fêste tsjinst. Fierder hat ús museum in protte minsken dy’t fan de gemeente reïntegreare moasten, wurk ferskaft en in nije takomst jûn.”

Kosten
Vooral in de laatste tien jaar liepen de bezoekersaantallen sterk terug en namen de museumkosten toe. “Foaral dy fan it ûnderhâld oan ús gebouwen. Dat hat eins it brekpunt west. Wy rûnen altyd efter de feiten oan, der wienen faak ‘onvoorziene’ kosten en dat gong ten koste fan de winst”, zegt Schakel. Daarnaast is de regelgeving voor musea inmiddels zó aangescherpt, dat stichting Aldfaers Erf daar niet meer aan kan en wil voldoen, volgens Schakel. Hij doelt onder andere op het moeten aanstellen van een conservator, veiligheidsmaatregelen, klimaatbeheersing, verzekeringen en dergelijke. “De koroanaperioade hat ús finansjeel ek gjin goed dien.”

Takomst
“Aldfaers Erf hie úteinlik gjin takomst mear. It is goed sa. Wy hawwe oait de bewenners fan Allingawier de gebouwen ûntnommen foar it museum, mar jouwe dizze grûn no yn feite wer oan harren wêrom”, stelt Schakel. “Ik ferwachtsje dat it museumdoarp in moaie herbestimming krijt. Us stifting hâldt net op te bestean. Wy geane ús no op it behâld fan oar erfguod rjochtsjen. Sa wolle wy no in âlde boat opknappe ta rûnfeartboat foar toeristen.”


Tekst: Redactie