Cultuur en uitgaan

Ferhalen Fertelle yn Blauhûs

Door: Henk van der Veer

BLAUHUS-Freed 26 jannewaris middeis 17.00-18.00 oere organisearret de Gerben Rypma Stichting Ferhalen Fertelle yn kafee De Freonskip fan Blauhûs.

Ferhalen Fertelle yn Blauhûs
Ferhalen Fertelle yn Blauhûs Foto aangeleverd

Der binne ferhalen oer houtseagjen, ynseminaasje, de funksje fan it hynder, bio buorkje, fytsfirus, in ferhaal út it libben fan in Teatskehûs bewenner en in folksferhaal. De jongste ferteller is Ilse (13), de âldste de Teatskehûsbewenner.

Ferhalen Fertelle is fan alle tiden. Foarhinne, doe’t der noch gjin televysje wie, fermakken de bruorren Gerben en Johannes Rypma, doarpsgenoat Yde Bleeker en oaren it publyk mei sterke ferhalen op de boppeseal fan it kafee; mei de saneamde ‘Winterjûne-nocht’.

Fanwege it 25 jierrich jubileum fan de Gerben Rypma Stichting is der freed 16.45 oere earst kofje mei traktaasje. 

De tagong is fergees.