Cultuur en uitgaan

Ferrassende ûntdekking by ynbringmiddei Histoarysk Blauhûs

Door: Henk van der Veer

BLAUHUS- Begjin maart, by de earste ynbringmiddei fan de wurkgroep Histoarysk Blauhûs, is in bysûnder findel ynbrocht mei de tekst ‘B.V.L. Friesland afd. Blauwhuis’. Gjinien fan de oanwêzigen wist doe fan it bestean fan de B.V.L. en it ferhaal derefter. 

Ferrassende ûntdekking by ynbringmiddei Histoarysk Blauhûs
Ferrassende ûntdekking by ynbringmiddei Histoarysk Blauhûs Foto aangeleverd

Nei ûndersyk fûn de wurkgroep de winske ynformaasje fia de Stichting Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân en Kultuer Histoarysk Sintrum De Tiid. It giet om de: Bijzonder Vrijwillige Landmacht, de saneamde nasjonale reserve dy’t nei ’14–’18 oprjochte is en - sa docht no bliken - ek in ôfdieling yn Blauhûs hie.

Sitaat gaasterlandinwo2.nl: In 1923 waren bijna 3800 Friezen onderdeel van de B.V.L. en in 1936 was dat aantal gegroeid naar bijna 5500. Mr. Pieter Sjoerds Gerbrandy werd commandant van de Friese B.V.L. In 1928 telde de B.V.L. landelijk 56.500 vrijwilligers en in 1938 ruim 93.000.

Der binne yn de jierren ’20 en ’30 ferskate lokale en lanlike byienkomsten organisearre, ien sprong der echt út. Op woansdei 11 septimber 1935 waard troch in Landdagcomité foar it earst yn Riis in lândei organisearre mei mar leafst 8000-9000 dielnimmers.

Op it programma stiene: defilee, wedstriden en demonstraasjes troch Rijvereniging Dokkum, Gymkhana (parkoers mei hynders), findelswaaien, sjitwedstriden, demonstraasje motorkorps, taptoe, optreden Koninklijke Marine Kapel mei tamboers en pijpers mei ta beslút ‘geluidsfilm, Sluit de Gelederen’. Der sprutsen in protte pommeranten sa as minister fan Ynlânske Saken Mr. J.A. de Wilde en Luitenant-Generaal L.F. Duymaer van Twist.

De B.V.L. is op 29 july 1940 troch de Dútske besetter ûntbûn.

Wurkgroep Histoarysk Blauhûs: “We binne tige ferrast troch de eftergrûn fan dit findel. De B.V.L. wie foar ús in folslein ûnbekend fenomeen”.

Sa wie de earste ynbringmiddei fan Histoarysk Blauhûs al in sukses. Njonken it findel binne hûnderten âlde foto’s en in grut tal famyljeplakboeken ynbrocht en daliks ynskand. “De útdaging is no om alles te rubrisearjen en te publisearjen”. 

Sneon 13 april is der fan 13.30 oant 17.00 oere yn kafee De Freonskip wer in ynbringmiddei foar mei namme foto’s, ek út de jierren ‘80-‘90. De kofje stiet klear.