LJOUWERT- De ôfrûne wiken hat Miranda Werkman yn Fan binnenút, nije Friezen nei wurk, in groep statushâlders folge op syk nei wurk. Om’t it in aktueel ûnderwerp is, is der in ekstra lange útstjoering oan de rige taheakke. Yn dizze ekstra útstjoering giet Miranda mei spesjale gasten djipper yn op de fraach: Hoe krije wy statushâlders oan it wurk? De gasten oan tafel binne ûnder oare: Pieter Dijkhuis fan Newcomers Summerschool en Esther Hofman van de Provinsje Fryslân.
De extra lange útstjoering is op moandei 22 april om 17.30 oere te sjen by Omrop Fryslân.