Cultuur en uitgaan

77e Betinking Slach by Warns op sneon 28 septimber

Door: Ynte Dragt
Afbeelding
Foto: Stifting Slach by Warns

WARNS - Takom 28 septimber om 13.45 oere fynt de 77ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif plak! It téma is dit jier: Frysk wêze hjoeddedei - wat betsjut dat?

Goffe Jensma, heechleraar Fryske taal- en letterkunde, nimt ús mei yn syn tinzen oer hoe lokaal wy noch binne yn de globale wrâld fan no, en hoe lokaal wy neffens him tinke en wêze wolle, kinne, doare, meie, moatte. Fierdere ynspiraasje krije wy ûnder oare mei de poëzy fan Dichter fan Fryslân Arjen Hut en mei de Fryske hiphopmuzyk fan Sample Text. Mei-inoar sjonge wy ferskate lieten en nei ôfrin is der tiid om inoar te moetsjen en mei de sprekker te diskusjearjen.

It stiftingsbestjoer is noch op syk nei in blazersgroepke en minsken dy ‘t op de dei sels eefkes helpe wolle. Dêrneist bestjit it bestjoer op ’t heden inkeld út noch mar twa minsken. Entûsjaste blazers, frijwilligers en nije bestjoersleden kinne e-maile nei ynfo@slachbywarns.frl en sjoch foar mear ynfo op www.slachbywarns.frl.

Afbeelding