Joep en Feddie, twa aktive Makkumer mienskip mannen oer ‘Soargen oer de Waach en furoare foar Drumband Hallelujah’
MAKKUM - Joep Bergsma en Feddie de Boer, beide Makkumer ûndernimmers, binne dan no miskien wol ‘mei pensjoen’ mar se binne noch folop aktyf yn de Makkumer mienskip. Joep foar Ald Makkum, Feddie by Drumband Hallelujah en beide foar it 4 maaie komitee.

Joep wie mei-eigener fan de Koninklijke Bergsma’s Horeca Groothandel oan De Oliemolen; Feddie hie mei syn frou in winkel mei klean en wenningynrjochting oan de Kerkstraat. Oan de keukentafel mei in kop kofje komme de ferhalen los. Sa ha de mannen soargen oer de takomst fan De Waach, it unike monumint út 1698 foar it keuren en wegen fan fleis en suvelprodukten, is ûnwis.
Hjir is al hiel lang it grutte argyf fan de stichting Ald Makkum ûnderbrocht. Sy drage de rike skiednis fan Makkum út. De Waach is ek it sintrale punt by festiviteiten sa as Visserijdagen, Steegjesfair, Makkum Art, en Straatfestival. Joep: “Der binne grutte soargen oer de takomst want de gemeente wol dat de Stichting in hiele hege hier foar De Waach beteljen giet”. En dat kinne se net opbringe, boppedat stiet der niks tsjinoer. It Stichtingsbestjoer is yn ûnderhanneling mei de gemeente mar it sjit net op.
Beide mannen binne it der oer iens dat Makkum wol wat mear reuring brûke kin, it is te stil. Foarhinne luts Tichelaar Aardewerk tûzenen besikers, mar is sluten. Pleatslike belang, ûndernimmers, VVV en gemeente soene mei-inoar plannen meitsje moatte. “En nim De Waach dêryn mei”.
Fan hiele oare oarde is it sukses fan Drumband Hallelujah, wêr Feddie al 70 jier lid fan is. Sy trede tsjintwurdich ek lanlik op, mei Zea de artystenamme fan Arnold de Boer (51) de soan fan Feddie. Dy reizget it lân troch mei syn programma ‘In lichem fol beloften’.
De Volkskrante skriuwt: Zea kan zowat alles, van indierock en electropop tot Friestalige sololiedjes, zoals onlangs in het Amsterdamse Bimhuis. Zijn band trad daar onlangs op met de vijftienkoppige drumband Hallelujah in het kielzog. ‘Een ontroerend concert’.
Feddie: “Freed 20 maart geane we mei Zea en de drumband nei Leiden, nei it festival Peel Slowly And See’. Woansdei 18 maart is ek in bysûndere dei. Beide mannen steane dan as kandidaat op de ferkiezingslist foar de FNP yn Súdwest-Fryslân.
Yn maaie binne Joep en Feddie aktyf by de deadebetinking. Elk jier wer in belangryk momint, se ha de ferhalen oer de oarloch fan thús út meikrigen, beide heiten sieten yn it ferset. De mannen slute ôf mei de oprop: “Makkum hat in rike skiednis, dy moatte we koesterje’.
Tekst: Sicco Rypma







