FNP hat langste kandidatelist yn Súdwest-Fryslân

Politiek
Afbeelding

SNITS- Der steane 50 kandidaten op de ferkiezingslist fan de FNP, mear is net mooglik; en dêrmei hat de partij de langste kieslist by de kommende gemeenteriedsferkiezings yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

De list is sneon troch de nûmer 1 Tsjerk Bouwhuis, offisjeel oanbean oan de nûmer 50 ‘Sterke Man’ Wout Zijlstra.

Tsjerk Bouwhuis: “De FNP is tige grutsk dat we 50 aktive kandidaten hawwe. Se wenje rûnom yn de gemeente - fan Boalsert oant Boazum en fan Warkum oant Wâldsein - ús kandidaten hawwe in protte kontakten en binne ús lokale ambassadeurs”.

Tagelyk is sneon it, yn fjouwer talen (Frysk, Nederlânsk, Snekers en Hylpers) skreaun, ferkiezingsprogram offisjeel presintearre.

Listtriuwer Wout Zijlstra: “Dit liket der op, de minsken hawwe wat te kiezen 16 maart”!