De grutste fierljepwedstriden fan dit seizoen live te folgjen by Omrop Fryslân

Sport
Afbeelding

LJOUWERT- Dit jier gjin folle tribunen yn Winsum en Burgum, mar de leafhawwer hoecht neat fan it fierljeppen te missen, want Omrop Fryslân is live by beide eveneminten. De organisaasjes fan sawol it FK as it NK hawwe besletten dat der mar in lyts tal taskôgers op útnoadiging oanwêzich wêze meie.

Omrop Fryslân stjoert dêrom sawol it FK fierljeppen op 5 septimber as it NK fierljeppen op 19 septimber live út op radio, telefyzje en online. Op sneon 5 septimber is der in streekrjocht ferslach fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen yn Winsum. Grutte favoryt by de manlju is Ysbrand Galama.

Earder dit seizoen ljepte hy al 21,53 meter. De útdagers binne titelferdigener Nard Brandsma, en outsiders Bart Helmholt en Oane Galama.

By de froulju is titelhâlder Marrit van der Wal de topfavoryt. Der lizze lykwols trije efterfolgers op ’e loer: Maureen Poiesz, Tessa Kramer en Sigrid Bokma steane klear om de titel oer te nimmen.

It fierljepseizoen wurdt ôfsletten op sneon 19 septimber mei it Nasjonaal Kampioenskip Fierljeppen yn Burgum. De sterkste Friezen ljeppe tsjin de bêste Hollanners.

By de jeugd wienen de Friezen al ‘superieur’, soe dat in foarboade wêze foar it grutte NK? Sawol it FK fierljeppen as is NK fierljeppen is fan 13.30 oere ôf live te folgjen fia radio, telefyzje en online.