Sport

Skriuw dy yn en doch mei oan de Hurdrindei fan Kûbaard

KUBAARD  - Yn 2019 soe de 32e edysje fan de hurdrindei yn Kûbaard fan start gean. Spitich genoch is dy hurdrindei troch in stjergefal nea troch gien. Dizze hurdrindei waard annulearre en kaam ek troch de coronapandemy net mear yn beeld.

Afbeelding

Syb van der Ploeg en Paul Kool ha ferline jier de hannen ynien slein om de Kubaard Hurdrindei opnij wêr fan de grûn te krijen en dat is slagge. Moarn, 7 oktober, sil it heve en fynt de 32e edysje plak. De start fan de rinners is om 11.00 oere, de Kidzzrun begjint om 11.15 oere.

Eltsenien is fan herte wolkom, want ek taskôgers binne belangryk. De ôfstannen binne: 8.3 km, 14.7 km en 21.1 km (de heale marathon). De Kidzzrun bestiet út twa routes. Foar de bern oantemei groep 4 is der in loop fan 1000 m en foar bern fan groep 5 oantemei 8 is er in parcours fan 1900 m. Foar bern is de dielname fergees en is der in medaille beskikber. It ynskriuwjild foar de oare dielnimmers is € 15,- p.p. en sûnder medaille kostet dit € 10,-.

Ynskriuwe
Om de omballingen op it mêd fan de administraasje te beheinen is it handich om dy digitaal yn te skriuwen mei behelp fan de site www.kubaarddorp.nl. Fanôf 9.30 oere is it doarpshûs iepen om de ynskriuwing te beteljen en it startnummer op te heljen. Beteljen mei de pinpas hat de foarkar. By in tal fan 150 rinners slút de ynskriuwing.

De hurdrindei wie altyd in lyts feestje, der ’t in soad minsken op ôf kaamen. Hooplik smyt it evenemint no ek wêr moaie herinneringen op oan it smûke Kûbaard.