Kollumn wethâlder Henk de Boer - ‘Natuerlik isolearje’
SUDWEST-FRYSLAN - Foarige simmer haw ik myn timmerman holpen mei it fernijen fan ús gevel. En dat die ik mei natuerlike isolaasje: himp. Natuerlike isolaasjematerialen binne better foar elkenien.

De planken oan de bûtenkant wiene foar in part ferrotte en wat die bliken: ûnder de planken wie isolaasje oanbrocht dy ‘t bestie út in laachje piipskom fan 2 sintimeter! Ek noch brún wurden troch it wetter fan de rotte planken. Ek it glêswol om it rútkezyn wie troch de tiid hinne ek fan kleur feroare. Neat yn it neidiel fan de eardere bewenners dy ‘t ik goed ken, mar kinst dy ôffreegje hoefolle waarmte oft dy echt besparret. Eartiids waard oars boud as no. It wie de tiid dat gas wat djoerder waard. De tiid wêryn ‘t der in bytsje isolaasje en dûbelglês yn wenningen kaam. It hûs waard wol isolearre, mar dat is net te fergelykjen mei no.
Himpisolaasje
Tiden feroarje en no is it tiid om oan te pakken. We leine kontakt mei in Frysk bedriuw dat himpisolaasje produsearret. Binnen twa wurkdagen hiene we 15m² himpisolaasje yn ‘e garaazje lizzen. Mei in spesjaal mes sniene we de isolaasje op maat en binnen twa oeren siet de komplete gevel fol mei 12 sm tsjokke himpisolaasje. It wurket noflik, jokket net en rûkt lekker.
Himp is in plant dy ‘t hjir yn Fryslân prima groeit, somtiden mei in meter yn ‘e moanne! En dat sûnder keunstdong of bestridingsmiddels. Fan himp kinst in prima isolaasjemateriaal meitsje. En der binne mear natuerlike produkten dy ‘t je brûke kinne lykas hout, strie en flaaks. Dy binne ek biologysk ôfbrekber lykas himp, tuorrebout en oaljefantegers. Troch fansels te isolearjen is dyn hûs waarmer yn de winter en koeler yn de simmer. En de natuerlike isolaasje soarget ek noch foar in soad stikstof opslach, dat is dan wer moai meinaam foar de natuer.
Hieltyd mear boeren yn Fryslân sille dizze natuerlike materialen tele. En dêr bin ik bliid mei! Want as myn hûs ea sloopt wurdt, kin it himp op de komposthoop en fan dy kompost kin wer nije himp groeie. Allegearre op Fryske grûn. Troch lokaal te keapjen, stypje we ús boeren én hâlde we de omrin lyts. Fan himp-isolaasje wurd ik bliid, as doch-it-selver én as wethâlder.
It is no in stik stiller, waarmer en it siicht minder yn de beide sliepkeamers. Mei tank oan himp én myn timmerman!
De Nederlandse versie is te vinden op de website van gemeente Súdwest-Fryslân.












