Cultuur en uitgaan

Ferhalen Fertelle en iepening tentoanstelling Murk Kuipers yn Blauhûs

Door: Oudega SWF

BLAUHUS – De Gerben Rypma Stichting út Blauhûs organisearret op freed 27 maart 2026 in middei mei Ferhalen Fertelle en de iepening fan de Murk Kuipers Tentoanstelling yn it doarp.

Afbeelding
Skilderij Gerben Rypma

It programma begjint mei in besichtiging fan de tentoanstelling fan 15.30 oant 16.30 oere. De wurken binne te sjen yn de Gerben Rypma-keamer én yn it Atrium fan It Teatskehûs yn Blauhûs. Om 16.30 oere is der ynrin yn Kafee De Freonskip, mei kofje en tee. Fan 16.45 oere ôf folget “Ferhalen Fertelle”: ferhalen oer in famylje, mei omtinken foar boek en muzyk.

It folsleine programma stiet op de webside fan de Gerben Rypma Stichting: https://www.gerbenrypma.nl/aktiviteiten1/