Iepenloftspul ‘Legindaryske Vinea Domini Sylkampen’ nei simmer 2022

Cultuur en uitgaan
Afbeelding

BLAUHUS- De Stichting Lokaasje Teater Blauhús en regisseur Wouter Daane hawwe besletten Iepenloftspul ‘Legindaryske Vinea Domini Sylkampen’ nei de simmer fan 2022 te ferpleatsen.

Regisseur Wouter Daane: “Het is jammer, maar het is niet anders. We pakken het ook dan weer vol enthousiasme op”.

Oarspronklik soe de foarstelling yn de simmer fan 2020 spile wurde, dat koe net, dus wie de hoop earst fêstige op simmer 2021. Bestjoerslid Hartman Witteveen: “Der moast mei namme foar de rom 30 spilers in dúdlik beslút nommen wurde, om dizze tiid hiene de repetysje al los moatten. We sette no yn op simmer 2022”.

‘Vinea Domini’ (Wijngaard des Heren) is basearre op persoanlike ferhalen fan dielnimmers, ynstrukteurs en liedingjaanden út de jierren ’60 rûnom dizze sylkampen.

De foarstelling is op en oan It Fliet, ien fan de Blauhúster Puollen, de lokaasje wêr de legindaryske sylkampen begjin jierren ’60 opsetten binne troch de paters Augustijnen út Wytmarsum.

De spyldagen binne 24, 25, 30 juny en 1 en 2 july 2022.
De 600 al ferkochte kaarten bliuwe jildich.