Utrikking Sulveren Ljip oan Anne Wind, finer earste ljipaai fan Fryslân
LJOUWERT - It earste ljipaai fan Fryslân fan dit jier is fûn troch Anne Wind fan Penjum. Hy fûn it aai tiisdeitemoarn op in perseel by Ychtenbrêge yn gemeente De Fryske Marren. It earste aai is goedkard troch it BFVW, de Bond van Friese Vogelwachten.

Ut hannen fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat Anne Wind de Sulveren Ljip en it finerslean útrikt krigen. De seremoanje fûn tiisdeitemiddei om 14.15 oere plak op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren krige de finer fan it earste ljipaai in oarkonde. De útrikking fan de Sulveren Ljip wie live te folgjen fia in livestream.
Bron: Provinsje Fryslân











