Cultuur en uitgaan

UITfestival yn Warkum mei proaza en poëzij yn de tún fan de Limonadefabryk

Door: Ynte Dragt

WARKUM - Sneon 14 septimber is yn Warkum it yn de Súdwesthoeke ferneamde UITfestival. Dizkear is der yn de tún fan de Limonadefabryk oan de Nonnestsrjitte plak foar proaza en poëzij.

UITfestival yn Warkum mei proaza en poëzij
UITfestival yn Warkum mei proaza en poëzij Foto aangeleverd

Optredens binne der te ferwachtsjen fan Ytsje Hettinga út Koudum, dy’t sawol proaza as poëzij bringe sil, Ids de Roos út Warns dy’t ferhalen foarlêze sil oer Laaksum en Warns. Marije Sennema sil ien en oar fertelle oer har te ferskinen printeboek “Paula en de weirekke spegel” dat ynspirearre is op de ekspressioniste Paula Modersohn Becker.

Dan komt der noch in Marije en dat is Marije Roorda dy’t túngedichten foardrage sil. Friduwih Riemersma sil te set oer har oersetting fan “the Hill we climb” fan Amande Gorman en hja si lek noch wat nij wurk sjen litte. 

Pianomuzyk is der fan Tine de Lange út Warkum. De optedens fine plak tusken 13.00 en 15.30 oere.