78ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif
WARNS - Sneon 27 septimber 2025 om 13.45 oere fynt de 78ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif
plak! It téma is dit jier: Ús ûndergrûn ûntdutsen.

Wolbert Smidt, East-Fryske etnohistorikus, docht mei kennis en metoaden út de skiednis en de antropology ûndersyk en nimt jim mei yn it sosjaal-polityke systeem fan selsorganisaasje fan in steatsfrije mienskip, basearre op ûndersiken yn East-Fryslân. Dit jout ynsjoch yn wa wy Friesen binne. Fierdere ynspiraasje wurdt joun mei de poëzy fan André Looijenga, ûnder oare winner fan in Rely Jorritsmapriis yn 2017, en de muzyk fan Fegebart, winner fan Liet 2024. Dêrneist is der wer wer mei-inoar sjongen, sa as alle jierren. By de neisit yn De Kaap te Starum nimt de sprekker de besykers fierder mei yn syn tinzen en befiningen, is der tiid foar diskusje en mei-inoar wêze.
Friezen en freonen: Kom allegearre!
Friesen und Freunde: Kommt alle!
Friezen en vrienden: Komt allen!
Sjoch foar mear ynformaasje: www.slachbywarns.frl. Oant sjen op sneon 27 septimber!
![]()












