Betinking Slach by Warns 2026: ‘Frysk is mear as taal’
WARNS - De jierlikse betinking fan de Slach by Warns stiet dit jier yn it teken fan it tema ‘Frysk is mear as taal!’. De betinking vindt plak op sneon 26 septimber by it monumint ‘Leaver dea as slaef’ op it Reaklif by Warns. De start is om 13.45 oere. Elkenien is wolkom.

De organisaasje hat ferskate sprekkers útnûge om harren fisy te jaan op de betsjutting fan de Fryske identiteit en wêrom’t it Frysk neffens harren mear is as allinnich in taal.
De earste sprekker is Eke Folkerts, deputearre fan de provinsje Fryslân út namme fan de BBB. Sy giet yn petear mei ûndernimmer Jenny Douwes, dy’t bekend waard as ‘blokkeerfries’ nei de autodykblokkade by Dokkum yn 2017.
It programma wurdt ôfwiksele mei optredens fan Jaap Louwes en Grymtosk. Dêrnjonken is der dichtwurk fan Arjan Hut en Joël Huitema. De Stifting Slach by Warns jout omtinken oan de skiednis fan it monumint en wêrom’t de jierlikse betinking noch altyd holden wurdt.
Nei inkele jierren fan ôfwêzigens is der dit jier wer in muzikale bydrage fan in mienskipsorkest. It orkest fersoarget ek it sinjaal by de start fan de betinking.
Paneldiskusje oer Fryske identiteit
Nei de betinking folget in twadde programmaûnderdiel, organisearre troch de Stifting Slach by Warns yn gearwurking mei De Fryske Beweging (DFB). Under lieding fan DFB-foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma wurdt in paneldiskusje holden oer it tema ‘Frysk is mear as taal!’.
Yn it panel sitte ûnder oaren Jenny Douwes, Eke Folkerts, Liuwe H. Westra (saakkundige Fryske beweging), dichters Arjan Hut en Joël Huitema, René Oterdoom fan de Stifting Slach by Warns en Pieter de Zwart fan it bestjoer fan DFB.
Ek de Eastfryske Freya Pfanne, dy’t yn 2025 as jongere spruts by de Upstalsboom yn Aurich, jout in koarte ynlieding oer wat it Frysk wêzen foar har betsjut.
It programma duorret oant likernôch 16.30 oere.












