columns

Kolumn wethâlder Bauke Dam - ‘Bûten gewoan bewege’

Door: Ynte Dragt

SUDWEST-FRYSLAN - Dêr is er dan, de maitiid. Myn favorite tiid fan it jier. De maitiidssinne nûget út om lekker nei bûten te gean. Oft it no is foar in koarte kuier of lange fytstocht; bûten bewege helpt ûntspannen en bringt nije enerzjy.

Wethouder Bauke Dam
Wethouder Bauke Dam Foto: Gemeente SWF/Esther Bouwsma

It is ek in tiid wêryn ‘t wy net allinnich aktiver binne, mar inoar ek wer faker opsykje. Sport ferbynt en dat wurdt yn de maitiid noch mear sichtber. Tink oan de wille fan bern wannear ‘t se boartsje yn de boarterstún of fanatyk oan it fuotbaljen binne yn de pannakoai. Folwoeksenen dy ‘t bûten kuierje, tennisje of jeu de boules spylje.

Boartsje en bewege yn iepenbiere romtes
Wy fine it wichtich dat alle ynwenners boartsje, sporte en bewege kinne yn de eigen bûtenromte. It is wichtich dat der genôch foarsjennings binne om dit mooglik te meitsjen. Tink oan in pannakoai, klimtastellen, kuierrûtes, in jeu de boules baan of in follybalnet.

Der is jild beskikber om bewege yn iepenbiere romten (BIOR) te stimulearjen. Mei de subsydzjeregeling ‘ Bûten gewoan bewege ‘ kinne wy alle jierren nije inisjativen fan ynwenners finansjeel stypje. Sa koe yn Easterein mei help fan de subsydzjeregeling in pannakoai realisearre wurde. It is moai om te sjen hoe ‘t hjir fol entûsjasme gebrûk fan makke wurdt.

Hasto in idee om dyn leefomjouwing beweechfreonliker te meitsjen? Nim dan kontakt op fia bior@sudwestfryslan.nl. Mear ynformaasje? Gean dan nei de side Bewegen yn de iepenbiere romte.

Zie voor de Nederlandse versie de website van gemeente SWF.