Doutsen Krol: Tichtby minsken en de mienskip fan Boalsert
SUDWEST-FRYSLAN - Doutsen Krol (52) is berne yn Enschede, mar Boalsert hat har hert fêstkrigen. Sûnt 2002 wennet sy mei har man en twa fan har trije bern yn de stêd; de âldste studearret yn Utert. Har libben draait om ûnderwiis, mienskip en it fêsthâlden fan Fryske identiteit en lânskip.

Foar har wurk is Doutsen ferbûn oan de Hanze hegeskoalle yn Grins by de oplieding Built Environment, dêr’t sy les jout, ôfstudearjende studinten begeliedt, ûnderwiis ûntwikkelt en belutsen is by projekten oer klimaatadaptaasje en romtlike ynrjochting. Mar ek bûten wurk om is hja aktyf en kreatyf: se hâldt fan kuierjen en fytsen, lêzen, ymprovisaasjetoaniel, lekker ite en gesellichheid, en it moaiste is om op sneonen by it sporten fan har bern te sjen.
Boalsert hat by Doutsen in bysûnder plak yn har hert. “Hoewol’t ik út de Wâlden kom, fiele wy ús hjir thús. Boalsert hat alles: skoallen, sportfasiliteiten, winkels, hoareka en in protte aktiviteiten. It moaiste is dat minsken harren ynsette om dit alles mooglik te meitsjen. Hjir kinst altyd wol bekenden tsjinkomme en alles is te berinnen: Tichtby dus!”
Yn it Julianapark fynt sy har rêstpunt, mar se sjocht ek hoe’t minsken mei it lânskip en de natuer yn har omjouwing omgeane. “By guon huzen binne stoeptegels ferfongen troch planten, dat stiet net allinnich moai, it helpt ek foar it bioferskaat en de klimaatadaptaasje.”
Doutsen kaam út in FNP-nêst en fielt har thús yn de partij: de Fryske taal, kultuer en lânskip steane op nûmer ien. Wat har it meast oansprekt yn it programma fan de FNP is dat keazen wurde kin foar sirkulêre ûntwikkelingen, lânbou, natuer, klimaatferoaring, enerzjytransysje en wentebou — alles op maat fan it lânskip en mei omtinken foar de mienskip.
De ûnderwerpen dy’t tichtby har lizze binne taal, sport, kultuer, mienskip en it lânskip. “Sûnder mienskip kinne wy net. De mienskip hâldt ús by elkoar, relativearret en helpt yn it deistich libben. It is sa moai om te sjen hoe’t ferskate lânskippen op in lyts stikje grûn brûkt wurde troch minsk en bist.”
Doutsen har winsken foar Boalsert binne dúdlik: noflike plakjes dêr’t minsken inoar moetsje kinne, goed ûnderhâlden kuierpaden en stoepen, positive ynfulling fan lege winkelpanden en genôch ferdivedaasje foar jongerein. As FNP-lid wol se dêrby yn de praktyk bringe: omtinken foar ûnderhâld, it ynbringen fan lytse ferbetterings, lykas bankjes en grien yn de wyk en petearen mei de jongerein.
Har boadskip foar de mienskip: “Ik hoopje dat Boalsert in libbend, oansprekkend en grutsk plak bliuwt dêr’t alle minsken har wolkom fiele.”
It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf.










