Politiek Branded Content

Ids Venema: ynset foar Hylpen en syn mienskip

Door: Redactie

SUDWEST-FRYSLAN - Ids Venema is 28 jier en wennet yn Hylpen, sûnt seis jier yn syn eigen húske yn de âlde stedskearn. Tegearre mei syn freondinne Julia, dy’t út Oekraïne komt, fielt er him thús yn de stêd dêr’t er opgroeid is. Ids wurket as funksjoneel behearder Microsoft 365 by it Wetterskip, nei de MBO 4-oplieiding IT-behear. Syn frije tiid giet op oan reizgjen, skiën en fotografy, aktiviteiten dy’t him ynspirearje en nije ynsjoggen jouwe.

Ids Venema / FNP-SWF
Ids Venema / FNP-SWF Foto aangeleverd

Wat Hylpen foar Ids sa bysûnder makket, is de mienskip, de taal en kultuer, de prachtige strjitsjes en de haven. Hy is grutsk op hoe’t de minsken foar elkoar klear steane en mei-inoar de skouders derûnder sette foar de stêd. Syn freondinne Julia hat him ek ynspirearre; troch har hat er mei eigen eagen sjoen hoe yngewikkeld it wêze kin om yn in frjemd lân op ‘e nij te begjinnen. De rol fan de Hylper mienskip dêrby hat him oertsjûge dat mienskip gjin hol wurd is, mar eat watst alle dagen mei opbouwe moatst. Ek is Ids in perioade slim siik west, wat him in oare blik op it libben jûn hat: it learde him sûnens te wurdearjen en fan elke dei te genietsjen.

Yn it politike libben fan Ids spilet de FNP in grutte rol. Al fan de basisskoalle ôf wie hy entûsjast oer polityk, doe’t er omtinken frege foar it strân yn Hylpen.
“Koartlyn kaam ik noch in âlde webside fan mysels tsjin, fan doe’t ik 15 wie, wêrop ik skreau dat ik letter Europarlemintariër wurde woe”, laket Ids. “Dy ambysje ha ik net mear, mar de driuw om my yn te setten foar myn omjouwing is altyd bleaun. De ôfrûne seis jier hat er him ynset foar ûnderwerpen dy’t bydrage oan de leefberens fan Hylpen, lykas it realisearjen fan nije wenningen mei de kommisje No Hylpen. “Mar ek de Hylper taal fyn ik belangryk”, seit Ids. “Dêr ha ik bygelyks tegearre mei Eele in oerset-masine foar makke, sadat it Hylpers ek digitaal tagonklik is.” En it organisearjen fan lokale eveneminten, lykas de Beurtskepedei. Dy belutsenens hat him twa jier lyn by de FNP brocht.

Wat Ids it meast oansprekt yn it FNP-programma is it spearpunt “Minder regels, mear feest!”. Eveneminten en ferienings binne wichtich foar de mienskip, mar troch tanimmende regeldruk wurdt it dreech om frijwilligers te finen en aktiviteiten te organisearjen. “We moatte it foar minsken makliker meitsje om har yn te setten, net dreger, sadat wy in ryk ferieningslibben en aardige feesten yn elke kearn behâlde kinne”, sa is Ids fan miening.

Wenjen leit Ids nei oan it hert. Hy sjocht hoe’t freonen en jongerein muoite hawwe om in pleatslike wenning te finen, en hy fynt dat elkenien de kâns krije moat om te wenjen wêr’t se graach wolle. “Dêrneist fyn ik de mienskip en ús prachtige talen wichtich. En út myn eigen passy wei ek digitalisearring. Tsjintwurdich hat hast alle in digitaal raakflak en ik wit dat it ús as gemeente noch folle mear bringe kin,” sa lit Ids witte.

Ids wol dat de stim fan de jongerein mear heard wurdt yn it bestjoershûs yn Snits. Hy fynt dat de ferbining tusken de gemeente en de ynwenners soms fuortfalt en dat minsken har net heard fiele. “Dat wol ik feroarje”, seit Ids. “Ik wol de ferhalen út de kearnen op it bestjoershûs bringe. De gemeente moat dúdlik wêze, in heldere fyzje hawwe en witte wat der yn de kearnen spilet. Ynwenners moatte net it gefoel hawwe dat der oer harren beslist wurdt, mar dat se tegearre mei de gemeente wurkje oan de takomst fan ús prachtige gemeente mei al syn 89 kearnen.” As skaadfraksjelid, yn de kampanje-kommisje en op plak 6 fan de list fan de FNP leveret hy al op ferskate fronten in bydrage.

Syn boadskip foar de Hylpers is dúdlik: “Bliuw grutsk op wêr’t je wenje en bliuw je ynsetten foar ús prachtige mienskip. En foaral oan de jongerein: doar dyn stim hearre te litten, want wy hawwe jim hurd nedich!”

It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf