René van der Ley: mei hert foar technyk, wenjen en Fryslân
SUDWEST-FRYSLAN - René van der Ley is 36 jier en wennet syn hiele libben al yn Boalsert. Berne yn it âlde sikehûs fan Snits, mar grutbrocht yn de stêd dêr’t er him djip mei ferbûn fielt. Boalsert is foar René net allinnich it plak dêr’t er wennet, mar foaral it plak dêr’t syn woartels lizze.

Yn it deistich libben wurket René by Regts Isero as ymplemintaasjemedewerker. Hy programmearret tagongskontrôlesystemen, ynstallearret software by klanten en jout trainingen oer it gebrûk en de mooglikheden fan de programma’s. As lêste skeakel is er faak ek troubleshooter, as monteurs der net útkomme by it oansluten fan ûnderdielen. In baan dy’t him op it liif skreaun is, want René hat in grutte leafde foar technyk en is fan natuere nijsgjirrich.
Dy leafde foar technyk ûntstie al yn syn middelbere-skoaltiid op it Bogerman Kolleezje yn Snits. Mar ek bûten skoalle learde er in soad: mei de brommer troch de hiele gemeente ride, mei freonen oan it strân fan Warkum sitte of swimme by ‘Mûnewetter’ yn Witmarsum. Underfiningen dy’t bydroegen hawwe oan syn bân mei Súdwest-Fryslân.
Yn syn frije tiid makket René graach lange motorritten. Bestimmingen as it Swarte Wâld, de Dolomiten en sels de Noardkaap steane op syn list. Dêrneist is er al sa’n fyftjin jier gek op barbecueën. Grutte stikken fleis, stadich gear wurde litte op de barbecue – René hat der sels fjouwer fan stean.
Wat Súdwest-Fryslân foar him bysûnder makket, is de romte en de frijheid dy’t wy hjir noch hawwe. “Dat moatte we koesterje,” seit René. Hy is grutsk op it feit dat der yn de gemeente in soad fasiliteiten behâlden bleaun binne. Dat begjint neffens him by de basis: wenje kinne dêr’tst wenje wolst, en bouwe nei aard, skaal en karakter. Hy sjocht dat dit noch net oeral goed slagge is en wol him dêrfoar ynsetten bliuwe.
De kar foar de FNP wie foar René fanselssprekkend. In partij mei koarte lyntsjes, sûnder poespas, fan ûnderop bestjoerd, lokaal en belutsen. Wenjen is foar him ien fan de wichtichste ûnderwerpen, benammen wenten foar de jeugd en foar de âlderein. Ek it Frysk leit him nei oan it hert.
Konkreet foar Boalsert wol René graach dat de âlde garaazje fan Van der Jong oan de Snekerstraat einlings in nije bestimming kriget en opknapt wurdt. It is de entree fan de stêd, mar tagelyk ien fan de meast fertutearze gebouwen.
As riedslid wol René him sterk meitsje foar de minsken fan Súdwest-Fryslân. By de beslútfoarming syn advys jaan, mei tinken fanút de mienskip en mei each foar de lange termyn. Sa wol er meibouwe oan in gemeente dêr’t minsken goed en graach wenje kinne.
It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf
![]()












