Politiek Branded Content

Henk de Boer: mei woartels yn it doarp en each foar de takomst

Door: Redactie

SUDWEST-FRYSLAN - Henk de Boer (59) wennet mei Gonny yn De Hommerts-Jutryp. Tegearre hawwe se trije bern, twa soannen en in dochter, en ien pake- en beppesizzer. Henk sprekt mei grutte waarmte oer syn gesin: se binne syn grutste grutskens en it fêste anker yn syn libben.

Henk de Boer / FNP-SWF
Henk de Boer / FNP-SWF Foto aangeleverd

De ôfrûne fjouwer jier wie Henk wethâlder yn de gemeente. Foar dy taak hat er syn betelle wurk loslitten, mar syn profesjonele eftergrûn leit yn de elektrotechnyk. Hy wurke ûnder mear 19 jier by Paques yn Balk, dêrnei by Bilfinger Tebodin yn Grins en Polem op De Lemmer. Dy technyske en praktyske ûnderfining nimt er noch altyd mei yn syn tinken en dwaan.

Frijwilligerswurk stiet by Henk heech yn it findel, al hat dat yn de wethâldersjierren wat op in leger pitsje stien. Hy helpt noch altyd mei by it âld papier en is belutsen by de fûgelwacht, al soe er dêr graach mear tiid foar hawwe. Bewege fynt er wichtich: fytse, swimme, reedride, keatse en rinne hearre dêrby, al spilet in minne rjochterknibbel him soms parten. Ek stiet er graach lâns de line by it fuotbal fan syn soannen by H.J.S.C., mei dêrnei in momint fan neisit. Dêrneist fytst er mei in groep doarpsgenoaten ûnder de namme “It skept in bân” en klust er geregeld oan elektryske ynstallaasjes, benammen by syn eigen bern.

Henk is berne yn Aldhoarne, mar groeide op yn De Hommerts-Jutryp, om’t syn heit dêr as ûnderwizer wurk krige. Nei de middelbere skoalle yn Snits en de HTS yn Ljouwert wenne er noch in skoft yn Twinte, ûnder oare yn ferbân mei syn militêre tsjinst by de Genie. Nei seis jier yn Heech wenjen, kaam er yn 1996 werom nei de Hommerts, dêr’t ek syn bern opgroeid binne.

Wat dizze kontreien foar him bysûnder makket, is it gemoedlike karakter fan de minsken. It iepen greidelân, de marren mei reidkragen en de âlde pôlen mei húskes – mei harren skiednis fan ûnderlinge ôfhinklikens – jouwe him in djip gefoel fan thús wêzen. Hy is grutsk dat de natuer op plakken as de Brekken en lâns de Iselmar romte kriget, dat wenjen foar eigen ynwenners heech op de aginda stiet, dat ûndernimmers romte krije en dat de ferbining mei skoallen hieltyd sterker wurdt. Ek in skjinne en fersoarge omjouwing fynt er fan grut belang.

Syn heit hat in grutte rol spile yn wa’t Henk no is. As haadmaster seach dy faak mear potinsje yn bern as dat sifers op in rapport oanjûgen. Dy hâlding nimt Henk noch altyd mei: by drege besluten freget er him geregeld ôf wat syn heit dien hawwe soe. Syn mem wennet noch altyd yn it âlde skoalmasters-hûs, in plak dêr’t er graach komt. 

De kar foar de FNP kaam yn earste ynstânsje út de oandacht foar de Fryske taal en kultuer wei. Letter kamen dêr it behâld fan it lânskip en it belang fan sterke mienskippen by. Yn it programma sprekt benammen it begryp positive sûnens him oan: minsken sterk meitsje om fysike, emosjonele en sosjale útdagings oan te kinnen. Henk makket him soargen oer in groeiende groep jongerein dy’t net goed meikomme kin en fynt dat wy mear ynsette moatte op ferbining en maatwurk.

Twa tema’s lizze him bysûnder nei oan it hert: lânbou en natuer, en de enerzjytransysje. Hy pleitet foar mear romte foar boeren om natuerfreonlik te buorkjen en fynt dat “better buorkje” wichtiger is as “mear buorkje”. By de enerzjytransysje wol er dat gemeenten sels de rezjy hâlde en sykje nei oplossingen dy’t passe by stêden én lytse doarpen.

Foar de takomst fan de gemeente wol Henk him graach nochris fjouwer jier ynsette as wethâlder. Syn boadskip oan de minsken is dúdlik en oprjocht: wês net benaud om mei te dwaan – wy moatte it mei-inoar dwaan.

It folsleine ferkiezingsprogramma is te finen op de webside fan FNP Súdwest-Fryslân: www.fnp.frl/swf